BÜCHERSCHAU DES TAGES: Kühle Gegnerbeobachtung

logo.ensafh

Die FAZ folgt Andrea Scrima von New York nach Berlin in eine traumatische Vergangenheit. Die FAS durchlebt mit Karl Ove Knausgards “Der Morgenstern” eine grandios verlaberte Meditation einer Endzeiterfahrung. Die taz wirft dem norwegischen Autor ausbeuterisches Schreiben vor. Dlf begibt sich mit Reporterin Gabriele Riedle in Dschungel, in Wüsten und in den Krieg. Dlf Kultur taucht mit Marie Gamillscheg in familiäre und ozeanische Untiefen.

Lês fierder by PerlentaucherLês fierder

Blog Koos Tiemersma: Nearnewâld

logo.ensafh

Yn Nearnewâld, net allinnich jubileumboek, mar ek hometown fan it Skriuwersboun, is in plan oer promoasje fan boeken en in bettere beleaning fan skriuwers betocht. Dat waard tiid, der is romte foar ferbettering. En dy is yn dit plan dan ek te finen. Mar in ‘lékker boek’?

Kwa timing ha ’k noait de handichste harry west, docht ek diskear wer bliken. Gean mar nei: krekt in manuskript by Het Nieuwe Kanaal ynlevere en no moat ik potferdoary neist de korreksje ek noch as de bliksem soargje dat it ‘lekker lêsber’ is. Want dat is wat it Skriuwersboun graach wol as ik de plannen foar in hegere beleaning foar skriuwers en in bettere boekpromoasje goed begryp.… Lês fierder

Kollum Nelleke IJssennagger-van der Pluijm: Drokte

logo.ensafh

No’t de coronamaatregels ferdampt binne, de simmertiid yngien is, de aktiviteiten wer losbarste en de frije dagen fan de maitiid der wer oankomme, hat eltsenien it drok.

“Ik haw it sa ferskuorrende drok”, hear ik de iene kollega tsjin de oare sizze as ik op de knop fan it kofjesetapparaat druk en tagelyk wachtsje op in printsje. Twa miggen yn ien klap! “Ik ek, ik haw safolle ôf te meitsjen foar de peaskedagen, en dan moat ik noch kolleezje jaan en in lêzing tariede”, seit de oar.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Abe de Vries: It Skriuwersboun en ‘The Lucky Six’

logo.ensafh

Foar my haw ik it fiif siden tellende ‘plan’ fan it Skriuwersboun foar, sa’t derboppe stiet, ‘in ridlike beleanning foar skriuw(st)ers en mear promoasje’, en, yn lytsere letters, ‘mear kar-út foar lêzers en harkers’ en ‘mear boeken en bondels yn it Frysk’.

De good old Sovjet-Uny hie fiifjierreplannen, leau ’k, dêr giet it Skriuwersboun no oerhinne mei in mar leafst tsienjierreplan. Want, sa einigje de útstellen: ‘De boppe omskreaune wurkwize moat minstens tsien jier de tiid krije om har [sic] te bewizen. Minsken dy’t har bêst dogge moatte de romte krije.’ Wa en wat mei dat lêste krekt bedoeld wurdt is ûndúdlik.… Lês fierder

Teleks: Bettere beleanning en promoasje fan Fryske skriuw(st)ers

logo.ensafh

It bestjoer fan it Skriuwersboun hat justerjûn yn Tresoar it rapport fan harren Wurkgroep Honoraria presintearre. Yn dit rapport stean in tal fan advizen om de Fryske skriuw(st)ers te stypjen:

a) minimum-tariven foar optredens en wurk yn opdracht
b) de oanbefelling om wer 50% fan de royalties as foarskot te freegjen yn it kontrakt mei de útjouwer
c) Boeken fan Fryslân te fersterken troch bettere en mear promoasje te meitsjen foar de Fryske literatuer troch jierliks in tal spearpuntboeken sa grut mooglik yn it publike domein te promoatsjen

It folsleine einrapport is taheakke yn de mail. It plan waard goed ûntfongen troch de oanwêzige minsken en organisaasjes yn de seal, lykas Pier Bergsma, foarsitter fan de Rie fan de Fryske Beweging.… Lês fierder

Teleks: Tresoar is al 20 jier de skatkeamer fan Fryslân!

logo.ensafh

Tresoar bestiet dit jier 20 jier! De skatkeamer fan Fryslân traktearret dy yn it jubileumjier op allerhanne ekstra aktiviteiten. Mei de toer Tresoar komt nei dy ta! giet Tresoar de provinsje yn om de bysûndere ferhalen fan dyn wenplak nei dy ta te bringen. Dêrneist litte meiwurkers fan Tresoar alle wiken – it hiele jier lang – online har persoanlike topstikken sjen. En dat is noch net alles: Tresoar is nammentlik benijd nei dyn persoanlike ferhaal of topstik! Want ferhalen fan no fertelle ús letter mear oer ús ferline, ús wearden en ús hoop. Om dy reden docht Tresoar de oprop om safolle mooglik ferhalen te dielen mei de hashtag #mijnverhaalvanfryslan.… Lês fierder