Teleks: Provinsjale priiswinner krijt ekstra jild foar promoasje

logo.ensafh

Winners fan Fryske prizen lykas de Gysbert Japicxpriis en de Gerrit Bennerpriis krije aanst in spesjaal promoasje- en ûntwikkelbudzjet fan 5.000 euro. Dêrmei kinne se bygelyks in útstalling oer in wurk organisearje of in oersetting fan in boek meitsje litte. Tagelyk is it in stimulâns foar it fjild. It is ien fan de nije ûnderdielen fan de nije oanpak fan de provinsje foar syn literêre en kulturele prizen.

It promoasje- en ûntwikkelbudzjet wurdt tawiisd oan 5 provinsjale prizen, nammentlik de Gysbert Japicx-, de Bernlef-, de Gerrit Bennerpriis en de twa Vredeman de Vriesprizen (ien foar Untwerp en ien foar Arsjitektuer).

De nije prizeregeling is ûntstien om’t de provinsje mear út syn prizen helje wol as oant no ta dien is.… Lês fierder

Teleks: Ferslach Literêr Sirkwy by útstalling Kor Onclin

logo.ensafh

Freed 1 april wie der ta gelegenheid fan de Kor Onclin tentoanstelling yn Obe, in dichtersjûn organisearre troch it Literêr Sirkwy fan it dichterskollektyf Rixt en meiwurkers fan Tresoar.

Marleen Onclin wie oanwêzich as spesjale gast en sprekster. Op it lêste stuit kamen der ek dichters fan Dichter Bij Leeuwarden by. Spitich wie dat muzikant Jan de Vries troch sykte útfallen wie, mar muzikant Ruben Bus rêde dermei en wist ferskate dichters hiel moai te begelieden mei syn muzyk en soarge ek tuskentroch foar moaie muzyk. It publyk siet yn in heale sirkel om de optredende dichters hinne. Nei it skoft doe’t de delegaasje fan Dichter Bij Leeuwarden optrede, kamen der aardich wat fans troch de doar om harren ‘matties’ optreden te sjen.… Lês fierder

Blog Johan Veenstra: Sturken

logo.ensafh

Ik bin de laeste daegen doende west mit een gedicht en dat is een grote zeldzemhied an ’t wodden. Ik vien da’k as dichter van hiele persoonlike gedichten gewoon alles wel zegd hebbe. Dan wo’n et op et laeste allienig nog mar variaosies op een thema en het et niet zovule zin meer. Allienig in hiele biezundere gevallen wi’k et nog wel es perberen, zoas vleden jaor bi’j een projekt van Eupen Stal in Berkoop. Mar now is d’r toch nog iene uutroegeld.

Lês fierder by Johan VeenstraLês fierder

Aginda 09-04-2022 : Presintaasje Fryske Graphic Novel “Kyra” fan Elske Schotanus

logo.ensafh

Sneon 9 april – by de start fan de nasjonale Boekewike – presintearret skriuwster Elske Schotanus har nijste boek, de Graphic Novel Kyra, by de Afûk yn Ljouwert. Sawol de tekst as de yllustraasjes binne fan har hân. Nei har Facebook-roman De Raven (2020) ferrast Schotanus mei Kyra it publyk op ’e nij mei orizjineel, fernijend wurk.

Kyra

De Graphic Novel Kyra spilet yn it jier fan de Rôt, it jier dat covid-19 elk syn libben behearsket. Foarseinen astrologen in jier skaaimerke troch lef en fertrouwen, it boadskip fan firologen soe ynearsten ienigens en letter ôfstân bringe. Kyra is de skiednis fan it ferlies fan in leafde tsjin in kleurrike achtergrûn fan sawol ienriedigens en ferbûnwêzen as eangst en skeel.… Lês fierder

Blog Jaap Slager: Dona nobis pacem

logo.ensafh

“Ik haw noch meimakke dat de nazys hjir kamen,” seit de âldman trilderich, “mar dy wiene sa slim net as dizze lju.”

Dy wurden wolle my net út it sin (of is dut in ynslûpsel út it Dútsk wei?), want hja sette dy sabeare ‘denazifikaasje’ fan Oekrayne yn in gâns oar ljocht.

Russyske soldaten dy’t har oan ûnskuldige boargers wreke, binne har westerske kollega’s dy’t har wol ris bygelyks oan Iraakske boargers wrutsen, net alhiel wanlyk. De westerlingen kamen de Irakys ommers ‘befrije’ en brochten har ‘dimmekrasy’. De jonge út Sibearjebuorren wie foarspegele dat er de Oekraïners fan ‘e nazys befrije soe — it soe grif in feestke wurde, dy Oekraynske Anschluss.… Lês fierder