Teleks: Simke Kloostermanpriis foar ‘It neidiel fan de twivel’ fan I.E. Bloem

logo.ensafh

De Afûk skriuwt: Wy lokwinksje I.E. Bloem mei it winnen fan de Simke Kloostermanpriis 2022! De priis foar it bêste berneboek fan de ôfrûne trije jier, giet nei It neidiel fan de twivel fan I.E. Bloem, yn 2021 ferskynd by útjouwerij Afûk. Dat hat de sjuery foar de Simke Kloostermanpriis 2022 besteande út Arjan Hut, Martsje de Jong en Jant van der Weg bekendmakke.

Oare nominearre boeken wienen In nuvere nacht fan Anne-Goaitske Breteler, It deiboek fan Janny van der Molen, Jesse fan Mindert Wijnstra en Wurden fan Timo fan Tialda Hoogeveen. It neidiel fan de twivel is de twadde Young Adult roman fan de skriuwer, in nije stjer oan it Fryske firmamint dy’t ûnder pseudonym publisearret.… Lês fierder

Aginda 16-04-2022: literêre jûn mei Ilja Leonard Pfeijffer en Jetske Bilker

logo.ensafh

Sneon 16 april: literêre jûn mei Ilja Leonard Pfeijffer en Jetske Bilker

Boeken fan Fryslân organisearret op sneon 16 april 2022 in literêre jûn mei de skriuwer fan it nasjonale Boekenweekgeschenk 2022 Ilja Leonard Pfeijffer yn de Westerkerk yn Ljouwert. Pfeijffer wûn yn 2014 mei syn roman La Superba de Libris Literatuerpriis. Foar dyselde priis waard hy yn 2019 nominearre mei syn roman Grand Hotel Europa.

Yn opdracht fan Boeken fan Fryslân makke Jetske Bilker de Fryske oersetting fan it nasjonale Boekenweekgeschenk.

Op dizze jûn wurde sawol de skriuwer en haadgast fan it Boekenweekgeschenk, Ilja Leonard Pfeijffer, as de oersetter, Jetske Bilker, ynterviewd troch Coen Peppelenbos.… Lês fierder

Aginda 12-04-2022: Jûn foar de Freonen fan Tresoar – Yn it teken fan dichteresse Rixt

logo.ensafh

Op 12 april organisearje de Freonen fan Tresoar in jûn yn it teken fan dichteresse Rixt: in pseudonym fan Hendrika Akke van Dorssen (1887-1979). Rixt wie de earste froulike dichter dy’t yn 1953 de Gysbert Japicxpriis wûn foar har bondel De Gouden Rider (1952).

Op it programma

Wolkom troch it bestjoer Freonen fan Tresoar
Lêzing oer it wurk en de betsjutting fan Rixt yn de Fryske literatuer troch Meindert Reitsma, adviseur Fryske literatuer by Tresoar
Foardracht fan 5 dichters fan it Fryske dichterskollektyf RIXT

Under de lêzing giet Meindert yn petear mei de hear Renze Yetsenga. Yetsenga hat de dichteresse persoanlik kennen en is in fier famyljelid fan har.… Lês fierder

Teleks: Bestjoersoerdracht Rely Jorritsmafûns

logo.ensafh

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente Ljouwert hat besletten de bestjoersferantwurdlikheid fan it Rely Jorritsmafûns oer te dragen oan in selsstannich bestjoer. It kolleezje bliuwt as beskermhear foar it fûns opkommen en stiet ek noed foar de kontinuïteit fan it fûns as tafersjochhâlder.

Dêrby sil it Rely Jorritsmafûns njonken it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) foar in part ûnder in personiele uny wurkje. It FLMD rikt ek ferlykbere prizen út. Dêrtroch komt der ek in bettere gearwurking tusken beide organisaasjes en kin de Fryske Literatuer better foar it fuotljocht komme. It fûns kriget troch it selsstannich bestjoer mear bewegingsfrijheid om him fierder te ûntjaan.… Lês fierder

Poëzij Wobbe Atsma: De goarre

logo.ensafh

 

 

Watst net sjochst, dat kinst likegoed wol krije
sûnder datst der om frege hast, dan krigest dat
watst leaver net ha wollen hiest, lykas as safolle
minsken om dy hinne. En dan tinkst by dysels:

Wêr komt it wei? Dat wolst dan witte, wolst it
ferklearje kinne. Oarsaak en gefolch, gjin skuld
of boete, dat is dy te min. Tagelyk driuwt de fraach:
Hoe ferrint it? Watst net witst moatst dat belije?

Lês fierder by Wobbe AtsmaLês fierder