Teleks: Bibliotheek biedt scholen boek over meertaligheid

logo.ensafh

De Friese bibliotheken bouwen aan meertalige bibliotheken. Dat doen ze in de bibliotheek, maar ook op scholen. Om scholen te adviseren over en te helpen bij meertaligheid in de klas, hebben de leesconsulenten van de bibliotheek allerlei werkvormen verzameld en ontwikkeld. Al deze werkvormen en suggesties voor scholen zijn gebundeld in het boekje Myn taal, dyn taal. Het eerste exemplaar werd uitgereikt aan de leerkrachten van de Prins Bernhardschool uit Kollum.

Lês fierder by RTV NoordoostLês fierder

Teleks: Oprop foar masterskripsjes oangeande Fryske taal en kultuer

logo.ensafh

Universitêre studinten kinne harren masterskripsje ynstjoere foar de Skripsjepriis 2020-2022 fan de Fryske Akademy. It bêste skripsjeûndersyk op it mêd fan ’e Fryske taal en kultuer wurdt beleanne mei tûzen euro. De priis wurdt ien kear yn de twa jier útrikt.

Masterskripsjes kinne oant 1 juny 2022 ynstjoerd wurde foar de Skripsjepriis, dêrfoar moat wol in tal betingsten foldien wurde. It ûnderwerp fan ’e skripsje moat lizze op it mêd fan ’e Fryske taal en kultuer, lykas Fryske taal- en letterkunde, skiednis of sosjale wittenskippen. De skripsje moat skreaun wêze (en goedkard troch de oplieding) nei 1 juny 2020 en foar 1 juny 2022.… Lês fierder

Aginda 01-04-22: Literêr Sirkwy nei oanlieding fan útstalling Kor Onclin

logo.ensafh

Dit twadde Literêr Sirkwy organisearret RIXT yn gearwurking mei Tresoar.
De oanlieding foarmet de tentoanstelling ‘Ferwondering en Verontrusting’ fan byldzjend keunstner Kor Onclin yn Obe.

Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer de útstalling.

De dichters dy’t wurk skreaun hawwe by de tentoanstelling trede foar it skoft op.
De Bilkerts Jan de Vries en Ruben Bus meitsje muzyk.

By elk Literêr Sirkwy is der nei it skoft in iepen poadium.
Elk dy’t in gedicht (fan har/himsels of fan in oar) foardrage wol, is tige wolkom om dat te dwaan.

Meidwaan oan it iepen poadium? Graach fan tefoaren efkes witte litte op ynfo@rixt.frl… Lês fierder