De Pyt van der Zeepriis foar amateurtoaniel giet dizze kear nei akteur Wybo Smids. Hy krige de priis yn Stedsskouboarch de Harmonie út hannen fan deputearre Sietske Poepjes útrikt.
Utrikking Pyt van der Zeepriis 2022 (foto: Xanne Vera)
De Pyt van der Zeepriis wurdt troch de provinsje Fryslân ien kear yn ’e trije jier útrikt oan de persoan of organisaasje, dy’t yn dy perioade fan bûtengewoane betsjutting west hat foar it amateurtoaniel yn Fryslân. De sjuery hat unanym keazen foar Wybo Smids. Wybo Smids hat in grut hert foar it Fryske amateurtoaniel.
Lês fierder by It Nijs… Lês fierder
