It liket wol as is hy produktiver as ea. Skriuwer Eppie Dam betinkt it iene nei it oare projekt, skriuwt it iene nei it oare manuskript. Foarich jier om dizze tiid ferskynde syn autobiografyske poëzybondel ‘Pompster psalmen’, no steane der de kommende tiid alwer nije boeken op útkommen.
En dat allegear wylst Eppie Dam wrakselje moat mei de sykte fan Huntington, in kwaal dy’t syn holle oantaast.
Syn motoryk hat dêr bot ûnder te lijen, it deistige libben wurdt in opjefte en prate is lestich. Mar noch altyd kin er skriuwe. En salang’t dat giet, docht Dam dat.
Lês en sjoch fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder