Goed twaeninheal jier haw ik no wurke oan in wittenskiplike biografy fan Tony Feitsma. Wilens binne wy sa fier, dat de útjefte plend stiet foar septimber. Dat is moai, mar dat wol net sizze dat alles al klear is. Lykwols, it grutte ferhaal leau ik dat ik ferteld haw. Dat wie net altyd maklik, en ik doar ek net te sizzen dat it it folsleine ferhaal is. Tony Feitsma wie in frou mei gâns ferskillende kanten. Dat hat te krijen mei har talinten en har wurkkrêft: it is werklik ûnfoarstelber wat se allegear by de ein hân hat yn har aktive jierren, en hoe lang oft dy duorre hawwe.… Lês fierder