Hoe sit dat mei krityk op jimme, op dy? Litst it samar oer dy hinnekomme of giest der tsjinyn of tsjinoan? Hellest simpel de skouders op of besikest dyn gelyk te heljen? Gnyskest it fuort of hast it smoar deryn en dûkst der djipper yn wei? Earder hjoed haw ik dat ek oan de ûlen ris frege, it pearke dat hjir neist ús hûs yn de keale krystbeam húsmannet. Wy wiene lykwols gau útpraat, dy twa ûlen en ik.
‘Krityk?’, fregen de fûgels, ‘krityk? Wa doar it oan om ús ûlen te bekritisearjen?’
Och, it wie samar in fraachje, mar miskien net sa’n tûkenien.… Lês fierder