Teleks: Earste moannegedicht Bennie Huisman by RIXT ‘it liet fan it freegjen’

logo.ensafh

Bennie Huisman is dichter fan de moanne Febrewaris by RIXT.  Syn earste fers is it liet fan it freegjen.

it liet fan it freegjen

hoe let bist thús? in fraach fan alle dagen
dy’t sa fanselssprekkend frege wurdt
mar achter wat fansels sprekt lizze fragen
oer wat ‘thús’ no eins foar ús betsjut
is it in hûs, in hiem, in doarp, in krite?
in oar, in leafde, in famyljebân?
is it in taal, oertsjûging of in myte?
mei flagge-en feest, it bêste lân? it heitelân?

Lês en harkje fierder by RIXTLês fierder

Teleks: Earste eksimplaar fan Amanda Gormans ‘De hichte beklimme wy’ presintearre yn it Provinsjehûs

logo.ensafh

 

Op it provinsjehûs yn Ljouwert is freed de Fryske oersetting fan it ferneamde ynhuldigingsfers ‘The Hill we Climb’ fan Amanda Gorman presintearre. Minskerjochte-aktivist Gorman droech it fers op 20 jannewaris ferline jier foar, doe’t Joe Biden ynstallearre waard as presidint fan de Feriene Steaten.
Foto: Omrop Fryslân

De Fryske oersetting ‘De hichte beklimme wy’ is makke troch Friduwih Riemersma en sensitivity reader Michelle Samba. It earste eksimplaar waard troch kultuerdeputearre Sietske Poepjes útrikt oan de nasjonaal koördinator tsjin rasisme en diskriminaasje, Rabin Baldewsingh.

Lês en harkje fierder by Omrop FryslânLês fierder

Kollum Nelleke IJssennagger-van der Pluijm: Tsjinslach

logo.ensafh

Yn ús yndividualistyske maatskippij giet dit boadskip oer it yndividu, do as yndividueel minske kinst sels kieze foar lok, foar sukses. En ast dat gelok dus berikt hast, hast gewoan hurd wurke. Dan binne alle credits foar dy. En dat wolle minsken graach. Googleje mar ris op ‘gelok ôftwinge’ en fynst der allegear tips om dizze ‘Dutch dream’ wier te meitsjen.

‘Gelok is in kar’ is in dreech boadskip. It is in boadskip dat inkeld yn goede tiden, op plakken fan foarspoed en troch minsken dy’t it gelok hân hawwe suksesfol te wêzen, betocht wêze kin. It lit gjin romte foar de nuânse fan ûnderskate omstannichheden en oan- of ôfwêzigens fan kânsen dy’t mei bepale oft lok en sukses, wat dat dan ek mar wêze mei, foar jin weilein is.… Lês fierder

Teleks: Fjirtich titels foar de Simke Kloostermanpriis

logo.ensafh

De Simke Kloostermanpriis foar it bêste berneboek wurdt yn 2022 foar de fjirtjinde kear útrikt. De sjuery, besteande út Wâlddichter Arjan Hut, berneboekespesjalist Jant van der Weg en skriuwer Martsje de Jong, bûget har oer de 40 oarspronklik Fryske wurken dy’t yn de ôfrûne trije jier ferskynd binne. De priis fan €5000,- en bygeande hânmakke oarkonde wurdt op freed 20 maaie troch kommissaris fan ‘e Kening Arno Brok útrikt yn de Petrustsjerke yn Twizel.

Lês fierder by RTV NoordoostLês fierder

Blog Sigrid Kingma: Skriuwers socht

logo.ensafh

Ik ha sok moai wurk. It wurdt tiid om it mei jim te dielen. Faaks ha ik alris ferteld oer myn haadprojekt Skriuwe yn Styl. Yn it koart: Foar seis beroppen en byhearrende tekstsoarten leare learlingen yn trije ienfâldige lessen stylgrepen dy’t harren ta bettere skriuwers meitsje. It is machtich moai wurk om it materiaal te ûntwikkeljen.

Yn dy kategory ha ik noch in oar projekt tegearre mei in kollega: Lêze om te Learen. Dat is yn it koart in effektyf alternatyf foar begripend lêzen. Foar skoallen dy’t mei ûndersykjend learen yn it Frysk oan de gong wolle, fersoargje wy in moai tekstpakket fan rike ynformative en persoanlike teksten yn tema’s der’t de skoallen mei wurkje.… Lês fierder