In memoriam Nils Rudolf Århammar (7 augustus 1931 – 10 januari 2022)

logo.ensafh

“Ik drem faan Oomram” waren de laatste woorden die Nils tot zijn vrouw Ritva sprak. Zonder nog wakker te worden is hij de volgende dag, 10 januari, in het ziekenhuis van Niebüll overleden. De cirkel was rond. De Noordfriese taal van het Duitse waddeneiland Amrum was het eerste van de Friese dialecten waaraan Nils zijn gehele leven heeft gewijd.

Nils werd in 1931 geboren in Stora Malm in Södermanland, Zweden als zoon van Rudolf Århammar en Elisabeth Andersson. Aanvankelijk groeide hij op bij zijn ouders op de boerderij in de buurt van Vingåker. Van 1942 tot 1950 bezocht hij het Gymnasium in Örebro, waar hij vanwege de afstand bij zijn strenggelovige tante moest wonen.… Lês fierder

Teleks: Petear mei Hindrik Hannema

logo.ensafh

De Fryske dichter Hindirk Hannema giet as in spear. Of it no prizen, performances of útjeften binne, se tûmelje oerinoar. Tiid om dit poëtysk fenomeen it trijedielich pak fan it liif te freegjen.

Hindirk, it giet goed mei dyn dichterskarriere, wat hast de lêste tiid allegear wol net wûn of dien?

Ferline jier die ik mei oan in gedichtewedstriid oer de leafde. Myn gedicht ‘Femme de fitness’ hat dy wûn. Ik stie op 3 Poetry Slams; Ljouwert, Utert en it NK Poetry Slam, ek yn Utert. De Ljouwerter Poetry Slam ha ik wûn, op it NK wie ik lêste. Mar dochs sjoch ik ek dat as in grutte oerwinning.… Lês fierder

Blog Jaap Slager: Erf

logo.ensafh

‘Jimme nimme allinne de minne dingen fan my oer’, plichte ús heit, Jan Cornelis (út te sprekken as Jon Knilles) gauris tsjin ús te sizzen, út ’e gek.

Dat wie net sa fansels, want ús heit koe alderferskuorrendst opspatte – him tsjirgje as in wyld en flokke as in turk. Bytiden sa mâl dat ús mem withoehurd oanstowen kaam, yn ’e ferbylding dat er him skriklik yn ’e finger fike of op ’e tomme klost hie: ‘Wat is der oan, ju?’
En dan wie der winliks neat. ‘It wol net sa’t ik wol. It spikerke knoffelet my allegeduerigen út ’e hannen.’… Lês fierder

Teleks: 100 paradyslike tunen socht foar ferhalen Utsteld gelok

logo.ensafh

Hûndert ferhalen fan hûndert skriuwers op hûndert idyllyske bûtenlokaasjes yn Fryslân: dat is ‘Utsteld lok’, it programma fan Ljouwert UNESCO City of Literature tidens Arcadia. De list fan hûndert skriuwers út binnen- en bûtenlân is hast kompleet. Wa’t ​​in moai plak hat dêr’t in ferhaleferteller dizze koarte ferhalen oan it publyk hearre litte kin, kin syn/har tún of lokaasje oanmelde.

Ljouwert City of Literature is op syk nei partikuliere en iepenbiere bûtenlokaasjes yn Fryslân dy’t it plak wêze kinne dêr’t publyk live nei in ferhaal harkje kin. Alle hûndert dagen fan Arcadia (7 maaie oant 14 augustus) is der in nij ferhaal te hearren.… Lês fierder

Kollum Nelleke IJssennagger-van der Pluijm: Stuolle wêze

logo.ensafh

In bytsje foar de grap beane wy op in ynternetfeiling op twa stuollen, dêr’t nimmen oars op like te bieden. De stuollen binne net perfoarst moai, binne eins frij grut en ûnhandich, mei stevige poaten en in klaptaffeltsje oan ‘e leuning. Mar de brúnlearen sitten binne wol komfortabel en hawwe in ferhaal. En omdat nimmen oars bea, binne se no fan ús.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder