Teleks: Twadde moannegedicht Arjan Hut by RIXT: ‘Folgje de dichters’

logo.ensafh

 

 

 

Arjan Hut is dichter fan de moanne by RIXT yn jannewaris 2022. Folgje de dichters is syn twadde moannegedicht.

Folgje de dichters

Wy wennen earder op de Nachtegaal
mar ferfarren op in heidensk skip nei in strjitte
neamd nei in eilân, djip yn de stêd
fan skaden

De reis wie wyld, buken skuorden iepen
en as we songen spatte guon it bloed fan de
tosken

Lês fierder by RIXTLês fierder

Teleks: Advys Dingtiid ‘ynput foar profyl nije heechlearaar Frysk (RUG)’

logo.ensafh

De fakulteit Letteren fan de Ryksuniversiteit Grins is op dit stuit dwaande om in profyl op te stellen foar in nije heechlearaar Frysk, om’t professor Goffe Jensma ein 2022 mei pensjoen sil. DINGtiid publisearre yn 2020 in advysrapport oer de kennisynfrastruktuer fan it Frysk. Dat resultearre yn in ferdjipjend advystrajekt oangeande de universitêre frisistyk. Yn in advysbrief oan de RUG jout DINGtiid sadwaande ynput foar it profyl fan de nije heechlearaar Frysk.

Lês fierder by DingtiidLês fierder

Weet u trouwens dat F.B. Hotz ook een goede jazztrombonist was?

logo.ensafh

Van hem vind je haast nooit meer wat, zegt de mevrouw tegen me die het boekje De Voetnoot van F.B. Hotz voor haar man afrekent. Die staat er ondertussen al helemaal blij in te lezen. Er komen hier in de Rode Loper af en toe wel boeken van hem voorbij, zeg ik terwijl ik het bedrag op het pinapparaat intoets. Weet u trouwens dat hij ook een goede jazztrombonist was? Ik wil nog verder vertellen over de jazzbands waar Hotz in gespeeld heeft en dat ik zelf, net als hij, ook oude New Orleans jazz speel op mijn trompet. Maar nadat het pinapparaat het bliepje geeft dat de transactie akkoord is, loopt ze weg zonder dat ze verder geïnteresseerd is in mijn verhaal.… Lês fierder

Kollum Jan Schokker: Oaljefervefûgel

logo.ensafh

Twa jier lyn, doe’t ik noch skitende benaud wie dat in tefolle oan lege oeren myn pensjoenlibben foar de tiid útputte soene, joech ik my op foar in skilderskursus. Dat dy troch ien of oar firus útsteld waard, wie yn earsten net sasear in persoanlike ramp, want foarearst hie ik genôch om hannen. Mar doe’t it in pear moanne lyn safier wie dat de earste les der omtrint oan siet te kommen, waard it tiid om my as tarieding ris mear yn de skilderkeunst te ferdjipjen. Tekenje haw ik altyd wol dien, mar myn skilderakkefytsjes wiene wol fan hiel lang lyn.… Lês fierder