De film Yn myn dreamen hear ik dy fan Murk-Jaep van der Schaaf hat snein op it Noordelijk Filmfestival de priis foar bêste lange dokumintêre wûn.
De saneamde Noorderkroon Awards waarden útrikt op de slotdei fan it festival yn Ljouwert. De film fan Van der Schaaf giet oer trije teätermakkers út Fryslân, Bretagne en Noard-Noorwegen.
Oanlieding foar dizze ynternasjonale film fan FryslânDOK oer lytse talen is it projekt PHONE fan Tryater. Dit projekt is in útwikseling tusken minderheidstaalteäters mei ûnder oare Tryater as dielnimmer.
Lês en sjoch fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder