Aginda 02-11-2025: Frysk folksferhalefestival mei Ype Poortinga
Lytse Gysbert Japicxpriis
Dirk van Miert, directeur van het Huygens Instituut voor Nederlandse Geschiedenis en Cultuur, is benoemd tot bijzonder hoogleraar Kennisgeschiedenis vanuit Digitaal Perspectief aan de Universiteit Utrecht.
Van Miert vergelijkt digitale onderzoeksmethoden met ruimtetelescopen: ze maken details zichtbaar die eerder onopgemerkt bleven. Door digitalisering kunnen onderzoekers sneller zoeken, maar vooral ook veel meer vinden. Zelfs ogenschijnlijk onbeduidende krabbels in de kantlijn van oude documenten kunnen via geavanceerde technieken tegenwoordig historische inzichten opleveren.
Lês fierder by Historiek… Lês fierder
‘Weidum. Volksvermaken.’ (l.û.), ±1903–1905. Ljochtdruk, 90×139 mm. Utjûn troch Arjen Roorda, Weidum. Poststimpels Weidum 26-08-1905, Bussum 26-08-1905 en Amsterdam Centraal Station 29-08-1905. Ferstjoerd oan Johannes de Vries, Bussum/Amsterdam, troch ‘Coos’, ‘Thea’ en ‘Bertus’.
Weidum fiert feest. Boppe de Greate Buorren hinget in mânske flagge. In grutte kliber folk stiet te sjen nei twa manlju dy’t elk in jok mei twa kuorren drage. Tusken harren yn, midden op ’e dyk, stiet in taffeltsje; der liket in flesse op te lizzen op in ferheginkje. De man rjochts, mei in silinderhoed op ’e holle, bringt sa te sjen mei de hân wat nei de mûle.… Lês fierder
Justerjûn tsjin tolven seach ik op de tv in ôflevering fan Ancient Aliens op History Channel. Yn dat programma wurde archeologyske fynsten besjoen yn de kontekst fan de fraach oft se fan bûtenierdske komôf wêze kinne. It antwurd is yn Ancient Aliens altiten: yes!
Tûzenen jierren âlde stienformaasjes, oerbliuwsels fan stêden op de boaiem fan de see, klaaifigueren dy’t op astronauten lykje, oarsprongsferhalen út ferskate godstsjinsten, in oare ferklearring as kosmonauten bestiet yn Ancient Aliens net. Sels Erich von Däniken komt op argyfbylden foarby. Hy is de skriuwer fan it boek Waren de Goden kosmonauten, dat ik as puber ris liende fan in hippy.… Lês fierder
Op dizze lêste tongersdeis fan de moanne kinne skriuwers en dichters inoar moetsje by it Skriuwerskafee, yn Kafee De Gouden Leeuw. Tusken 19.00 en 21.30 uur is der tiid om by te praten, wurk te dielen en literêre plannen te meitsjen. Nim ‘pinnefruchten’ en ideeën mei foar in ynspirearjende jûn. Oant gau!
It Skriuwerskafee wurdt organisearre troch Sigrid Kingma, Gabrielle Terpstra en Arjan Hut.