It begûn sa moai. Fjouwer, fiif moanne tefoaren hie ik by de ANWB foar de Frânske autorûtes al in tolbadge oanskaft om ús te hoedzjen foar stress en oar lijen by dy ferrekte tolpoartsjes. Want it is sjesa, de tolwegen dêr ride o sa geryflik, mar kom der earst mar ris op. Nee, dan dizze kear, mei ús doaske efter it foarrút riden wy mei in gonkje fan sa’n tritich kilometer op ’e slachboom ôf, dat op in ôfstân fan mear as tsien meter automatysk en hielendal fansels as in wûnder omheech gie om sa de meterslange files fan frije Frânsen yn ’e rigen links en rjochts lekker puh moai sûnder ien kear ho te hâlden foarby te stowen.… Lês fierder