De lêste wiken krige ik by it lêzen fan boeken en berjochten nochal wat wurden, ferbiningen en sinnen ûnder eagen dy’t der yn it Frysk net op troch kinne. Se hiene fan it Hollânsk te lijen hân. Ik haw se mar ris opskreaun, want it like my net ferkeard om dêr ris in taalpraatsje oan te wijen. Sokke hollanismen komme faak foar. Dat komt trochdat ús oare rykstaal ús fan alle kanten yndruid wurdt en ús te min foarholden wurdt dat in protte Hollânske wurden yn it Frysk net letterlik oerset wurde kinne. No ja, it kin wol, mar it is lang net altyd goed.… Lês fierder