San Jordi 23 april: boeken, roazen en twa Katalaanske dichters

logo.ensafh

Twa jier lyn binne Ignasi Ripoll en Syds Wiersma begûn mei it oersetten fan Katalaanske poëzy yn it Frysk. Yn 2023 setten sy in rige fersen fan de ferneamde dichter Vicent Andrés Estellés út Valencia oer. Foarich jier weagen sy har oan fersen fan Joan Salvat-Papasseit, Anna Aguilar-Amat en Manuel Forcano. By gelegenheid fan San Jordi, de grutte Katalaanske feestdei op 23 april en tagelyk ek Wrâldboekedei, brochten sy fan alle fjouwer dichters in lyts boekje út. Dit jier ferskine der op San Jordi wer twa boekjes. Fan de dichters Maria Mercè Marçal en Joan Vinyoli. Jo kinne se fergees krije yn de Afûk-winkel.… Lês fierder

Teleks: Open Call – Transpoesie Festival

logo.ensafh

 

 

 

Transpoesie 2025

Ek dit jier wurdt wer in Transpoesie festival organisearre yn Brussel (en foar it earst ek yn Antwerpen); dit jier op 18 en 19 septimber. Dichters kinne har melde om ôffeardige te wurden foar it Frysk. It tema dit jier is “Turbulinte tiden, der komt stoarm”.

Kinsto yn in gedicht de eangst en ek hope fan de hjoeddeistige situaasje ta utering bringe? Of de urginsje fan feroaring, mar ek de oanstriid om jin te ferstopjen en om alles wat is yn ’e kiif te lûken.
Hoe reagearret de dichter fan no op de tiid dêr’t wy yn libje?… Lês fierder

Ton van ’t Hof, Landschappen 2023, een ode aan Noardeast-Fryslân

logo.ensafh

Dagboekenschrijver, tekenaar, dichter, wandelaar en veteraan Ton van ’t Hof (1959) uit het ten noordwesten van Dokkum gelegen dorp Brantgum bundelde in Landschappen 2023, Gaia Chapbook 33, sfeertekeningen. Het boek bevat een introductie en 48 in digitale streken en vegen uitgevoerde landschapstekeningen die chronologisch geordend een ware ode zijn aan het landschap in Noardeast-Fryslân.

Lês en sjoch fierder by RTV NOFLês fierder

Peaskemoandei • Obe Postma

logo.ensafh

 

 

 

Jonge kearels komme sjongende de himmen út wei;
De pols op ’t skouder, foarjiers-dronken.
Ik bin te âld om dronken te wurden,
Mar de reade kop fan in soerstâl stek ik op ‘e jas
En wiid set ik de sinnen iepen.
Ryk en bliid leit it lân,
Griene teisters driuwe fan ‘e wâl ôf de sleatten op;
Ut it westen komt de fochtige wyn.

Lês fierder by FrisistykLês fierder

F.F.J. Bernlef bestiet 100 jier, organisearret grutte reüny en bringt lustrumboek út

logo.ensafh

De Fryske studinteferiening F.F.J. Bernlef yn Grins bestiet hûndert jier. Ta gelegenheid fan dat feit organisearret de feriening op 24 maaie oankommend in grutte reüny foar leden, âld-leden en in elk dy’t him of har mei Bernlef ferbûn fielt.

De reüny begjint op 24 maaie om 13.00 oere, en om 14:00 oere sil it lustrumboek Bernlef foar ivich útrikt wurde, ta eare fan 100 jier Bernlef. In redaksje besteande út leden, âld-leden en eareleden hat de ôfrûne oardel jier mei it gearstallen fan dit lustrumboek dwaande west. Oer de útrikking fan it lustrumboek seit Bernlef sels dat it in “bysûnder, noch nea troch de feriening earder fertoand barren” wurde sil.… Lês fierder