Yn in folle Johannestsjerke yn Weidum is ôfrûne sneintemiddei it earste Deade Dichters Deklamatoarium (DDD) fan Fryslân holden. Njoggen betûfte dichter-foardragers setten de poëzy fan tolve ferstoarne Fryske dichters yn it ljocht. De muzikanten Axl Hofstede en Wilco Hoekstra soargen foar de muzikale yntermezzo’s en waarden ek ynset om guon foardragers te begelieden. Dichter fan Fryslân Arjan Hut presintearre de middei en ljocht, lûd en bylden wiene yn hannen fan Bob de Boer Productions.
It gie yn dizze earste edysje om wurk fan dichters dy’t yn de ôfrûne tsien jier ferstoarn binne. Willem Abma, Jelle Kaspersma, Tsjisse Hettema, Jan Dotinga, Josse de Haan, Hindirk Hannema, Bartle Laverman, Aggie van der Meer, Abel Oostra, Jacobus Q.… Lês fierder