Humor yn de Fryske literatuer

logo.ensafh

Yn de Fryske literatuer falt in soad te laitsjen. De humor yn it wurk fan Hylkje Goïnga, Trinus Riemersma, Rink van der Velde en Sipke de Schiffart wurdt yn dit dossier beljochte. Fan mylde iroany oant tragikomyske foarfallen en fan selsspot oant absurdisme: it komt allegear foar by dizze fjouwer Fryske skriuwers.

Douwe Kootstra, Doeke Sijens, Bouke Oldenhof en Babs Gezelle Meerburg ferdjippen har yn it wurk en hâlden dêr op 24 april en 22 maaie in lêzing oer yn Kafee De Gouden Leeuw by Tresoar. Yn dit dossier fynst de teksten fan har lêzingen. Lit dy ynspirearje!

Lês fierder by TresoarLês fierder

Blog Ypie Bakker: Dach beppe

logo.ensafh

De âld transisterradio rint kreakjend fan ‘e sinder. Hy jout it ding in reis. De ferve spat by de muorren op. Ferdomme, krekt no’t er einliks wer ris de de geast hie! Gremitich nukt er de pensielen yn t wetter en smyt de foardoar iepen. Hy stekt de strjitte oer en klimt by de betonnen trep op. Op’ de seedyk skuort er de klean út, knoffelt oer de basaltblokken nei ûnderen en dûkt de iselmar yn. As in besetene ploeget er troch it wetter.
De fysike ynspanning kin de ûnrêst net by him weinimme. Hy strûpt de klean wer oan en set ôf.… Lês fierder

Op syn Feensters 2

logo.ensafh

It twadde diel fan Op syn Feensters, skreaun troch Reitze Jonkman (fan Nijskoat) nei oanlieding fan Willem Winters, Ut Feensters; hoe staat het ervoor. Leeuwarden 2006.

Yn de earste ôflevering oer it Feensters haw ik al wiisd op in alderaardichst boekwurkje oer it Hearrenfeanster dialekt: Ut Feensters. De skriuwer Willem Winters hat as net-taalkundige op in sjoernalistike wize sûnder allerhanne jargonfekjes in ynformatyf oersjoch delset, dêr’t ik tankber gebrûk fan makke haw. As frisist/nearlandist besykje ik om it dialekt fan It Feen al yn in algemiener taalsosjologysk en taalkundich ramt te setten. Ut de histoaryske achtergrûnen fan ôflevering 1a en 1b kaam de slim te gripen status nei foaren dat it Feensters net echt ‘Stedsk’ wie, omdat it te ticht op it Nederlânsk siet.… Lês fierder