Obe Postma (1868–1963) stiet bekend as de dichter fan it Fryske lân, it Fryske libben en de Fryske siel. Minder bekend is dat er ek in alsidige wittenskipper wie, dy’t publisearre oer natuerkunde en astronomy, filosofy, lânbou en skiednis. Postma is berne en begroeven yn Koarnwert, dêr’t dizze simmer in spesjale tentoanstelling oan him wijd is yn de doarpstsjerke.
De feestlike iepening fynt plak op sneon 5 july om 1 oere Rimmer Mulder fan de Obe Postma Selskip jout de ynlieding. Dichter en essayist André Looijenga resitearret guon gedichten en leit Postma syn poëzij yn relaasje ta it lânskip út. Neitiid is der in kuier foarby it berteplak fan Postma en plakken oan de Iselmardijk dêr’t er oer sletten is.… Lês fierder