Yn myn kollum fan ferline wike oer Skitterje en Skûlje, de biografy oer dichter Jakobus Q. Smink (1954-2024), skreau ik: “Hawar, ik haw yn oerlis mei Marian [Hulshof, de skriuwster fan de biografy] mei de teksten fan Smink dwaande west. Nijsgjirrich wurk, mar it foel bytiden net ta om út te finen wat de dichter bedoelde. De betsjutting fan in grut tal gedichten is mei de útjefte ‘Skitterje en skûlje – Jimladream, it libben fan in bipolêre dichter’ aardich dúdliker wurden. Dat is in fertsjinst fan dizze biografy fan Smink, mar dy leit tagelyk foar in part ek swakten fan syn dichtwurk bleat.”… Lês fierder