Sa lêze wy thús

logo.ensafh

“Foarlêzen is foar ús hiel belangryk. Alle jûnen foar it sliepen gean mei Mads twa boekjes kieze dy’t wy tegearre lêze. Soms ‘lêst’ hy ús foar yn syn eigen taal ‒ hy kin fansels noch net lêze – en dat is sa moai om te hearren! It is foar ús echt in momint mei syn twaen, wy genietsje dêr allegear fan. Wy lêze eins altyd yn it Frysk foar, omdat wy it belangryk fine dat hy de Fryske taal goed meikrijt. Wy ha dan ek in soad Fryske printeboeken. Mar ek de Nederlânske boeken lêze wy hast altyd foar yn it Frysk, dat giet eins automatysk.… Lês fierder

Teleks: Simmerskema ensafh.nl 2025

logo.ensafh

 

 

01-06-2025

Bêste lêzer,

yn Juny, July en Augustus sille der net om de trije dagen, mar ien kear yn ‘e wike, op woansdei, nije bydragen pleatst wurde. Ynsidinteel kinne der ek oare (aktuele) bydragen publisearre wurde.

De earstfolgjende publikaasje is op 04-06-2025.

De nijsfoarsjenning (Nijs en blogs) giet gewoan troch.

Redaksje ensafhLês fierder

Marc van Oostendorp: Stelen chatbots van auteurs?

logo.ensafh

Ik heb me lange tijd verbaasd over auteurs of kunstenaars die vinden dat de grote taalmodellen waarop chatbots gebaseerd zijn hun werk ‘stelen’. Zonder dat zij ervoor betaald worden, zeggen ze, maken de bedrijven achter die modellen goede sier met hun werk. Ook onlangs was er weer onrust, toen er een lijst circuleerde van boeken waarvan Meta, het bedrijf achter onder meer Facebook en Google, gebruik had gemaakt.

Lês fierder by NeerlandistiekLês fierder

Teleks: Skriuw in bernegedicht!

logo.ensafh

De Berneboeke-ambassadeur en De Utrecht binne foar in eksposysje om berneboeke-yllustraasjes hinne op syk nei nije bernepoëzij en nûgje dy út in gedicht te skriuwen. Sy stjoere oan op yn totaal fiif bernegedichten. De Utrecht hat by har eksposysjes altyd in publikaasje. De publikaasje by dizze eksposysje bestiet út in tal berneboeke-yllustraasjes, en fiif bernegedichten. It gedicht en de yllustraasje wurde ek pleatst yn ‘de Moanne’. Foar it pleatsen fan dyn gedicht is 100 euro beskikber.

Sjoch foar mear ynformaasje by de MoanneLês fierder