Gabrielle en Arjan Bedoele it Net Ferkeard: Witst noch?

logo.ensafh

Hoe lang moatst Gabrielle sitte foar in tattoo sa grut as in hân? Yn dizze podcast, opnommen op de hytste dei fan it jier, wolle we it graach ha oer de Fryske Slam, Diele fan it Waad en PlayGround yn Harns, mar al gau rint it petear út de klauwen. Hoe komme we op p*melproteses? Wêrom dat spannende ferhaal fan Meindert Talma dy’t hiel noadich p*sje moat?

Lês en harkje fierder by de MoanneLês fierder

Teleks: Maaike Beckers nije projekkoördinator Boeken fan Fryslân

logo.ensafh

Maaike Beckers (Wytmarsum, 1988) is de nije projektkoördinator foar Boeken fan Fryslân. Sy wurket sûnt 2015 foar it kulturele fjild yn Fryslân. Earder as beliedsmeiwurker by de provinsje Fryslân en sûnt 2021 as saaklik direkteur by Pier21. Beckers nimt mei dizze stap de funksje projektkoördinator Boeken fan Fryslân oer fan Ernst Bruinsma en sil de kommende tiid petearen hawwe mei útjouwers, skriuwers, lêzers en oare spilers yn it literêre fjild yn Fryslân.

Lês fierder by Boeken fan FryslânLês fierder

Aginda 05-07-2025: Iepening útstalling oer it libben en wurk fan Obe Postma

logo.ensafh

Obe Postma (1868–1963) stiet bekend as de dichter fan it Fryske lân, it Fryske libben en de Fryske siel. Minder bekend is dat er ek in alsidige wittenskipper wie, dy’t publisearre oer natuerkunde en astronomy, filosofy, lânbou en skiednis. Postma is berne en begroeven yn Koarnwert, dêr’t dizze simmer in spesjale tentoanstelling oan him wijd is yn de doarpstsjerke.

De feestlike iepening fynt plak op sneon 5 july om 1 oere Rimmer Mulder fan de Obe Postma Selskip jout de ynlieding. Dichter en essayist André Looijenga resitearret guon gedichten en leit Postma syn poëzij yn relaasje ta it lânskip út. Neitiid is der in kuier foarby it berteplak fan Postma en plakken oan de Iselmardijk dêr’t er oer sletten is.… Lês fierder

Santich jier letter: Pyt Kramer op ‘e fyts (I)

logo.ensafh

Dizze simmer is it santich jier lyn dat Pyt Kramer syn earste fytstocht nei it Sealterlân makke. Dat útstapke yn 1955 hat fan grutte gefolgen west. Foar himsels yn it foarste plak, omdat er hieltyd wer dy kant op gien is en in mannichte frije tiid oan it Sealterfrysk wijd hat. Mar net minder foar alle oare sprekkers en leafhawwers fan dat Sealtersk. Pyt Kramer hat sûnt dy tiid in machtich korpus fan petearen opboud, dy’t er sels op lûdban opnommen en úttypt hat. Dy ha de basis foarme foar in grut tal publikaasjes yn ‘e jierren tusken 1960 en 2000, sawol wurdboeken en taalstúdzjes as lêsboeken, rym en ûnrym.… Lês fierder

Mei skriuwers op en út yn Wales (2)

logo.ensafh

De Fryske dichter Syds Wiersma waard selektearre foar it LIFF-skriuwersprojekt, organisearre troch Literature Wales. Fan 17 oant 31 maaie ll. siet er mei fiif Welshke skriuwers, sân skriuwers út Switserlân, Spanje, Dútslân, Estlân, Letlân, Slovenië, Hongarije en ien fan de Faeröer Eilannen yn it Tŷ Newydd Writing Centre yn it Welshke doarpke Llanystumdwy. Hjirûnder docht Wiersma ferslach fan syn ferbliuw yn Wales. 

Lês fierder by de MoanneLês fierder