Anders en Jikke skriuwe Fryske romans foar de KFFB

logo.ensafh

90 jier Kristlike Fryske Folks Bibleteek. Diel 3

Hy ûntduts de leafde foar it skriuwen op lettere leeftiid, sy die as bern oars neat as ferhalen optekenje. Anders Rozendal en Jikke Olivier skriuwe romans foar de Kristlike Fryske Folksbibleteek. Nei 90 jier hâldt de KFFB dermei op. De iene leit de pinne dêrom no foarearst del, de oare siket om in nije útjouwer.

Lês fierder by FrisistykLês fierder

Teleks: Rely Jorritsmapriisfraach 2025 iepensteld

logo.ensafh

Rely Jorritsmapriisfraach 2025 iepensteld

De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten is wer iepensteld. It is de 71ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei €1000.
De ynstjoertermyn slút 15 maaie o.s. De sjuery bestiet út Marrit de Schiffart, Gerbrich van der Meer en Reitze Jonkman.

Rely Jorritsma (Jellum 1905 – Nijmegen 1952) hie yn syn testamint bepaald dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moat foar de bêste fiif gedichten en fiif ferhalen yn de Fryske taal.… Lês fierder

Kollum Arjan Hut: Op strjitten neamd nei deade dichters

logo.ensafh

Oan de eastkant fan Ljouwert leit keunstnersdoarp Asgaard. Oan de westkant fan de haadstêd stiet it Crystalic Business Park. Hiel prominint skitteret de glêzen piramide fan Crystalic yn de ûndergeande sinne, wannear’t Elmar Kuiper op it poadium yn Asgaard stiet. It is de simmer fan 2023, en de lange dichter teart in briefke iepen, dêr’t in nij fers op stiet. It hjit fan Business Park.

De jûn is organisearre troch Gabrielle Terpstra. In hantsjefol minsken is derop ôfkommen. We sitte tusken de hinnen en de katten op âlde banken en stuollen. Om ús hinne binne wenten en oare romten dy’t oprize tusken de planten as binne se sels ek út in siedsje groeid.… Lês fierder

Aginda 06-03-2025: Lettertreffen

logo.ensafh

Op tongersdei 6 maart 2025 organisearret Ljouwert UNESCO City of Literature de tredde edysje fan Lettertreffen, ús gearkomste foar de literêre sektor yn Fryslân.

We prate dy middei skriuwers, útjouwerijen, biblioteken, boekhannels, literêre tydskriften en stypjende organisaasjes graach by oer ús plannen en litte sprekkers oan it wurd. En fansels is der tiid om inoar te moetsjen en mei-inoar te praten.

Tongersdei 6 maart
14:30 (ynrin), 15:00 (start) – 17:30 oere
dbieb Ljouwert, seal De Kapel, Blokhuisplein 40

Sjoch foar it programma en oanmelding by Ljouwert UNESCO City of LiteratureLês fierder

Kollum Gerard de Jong: Gefoelige groet

logo.ensafh

Doe’t ik dînsdegoffen wakker worde en de ogen opene sou, lukte dat niet. As sat d’r stisel tussen de oogleden. Ik waar nag te sluug om d’r over in te sitten. Myn offenritueel sou ik d’r niet deur ferpeste late: krantsy fan de mat pakke, koffy sette en Radio1 an. De hannelings binne soa fertroud dat ’t op ‘e tast kin.

Lês fierder by Stichting Bildts AigeneLês fierder

‘We were raided regularly’: with Assad gone, banned books return to Syria’s shelves

logo.ensafh

To print a book in the days of the Bashar al-Assad regime, one first had to think of the censors. Was the book political in nature? Off to the ministry of information. Religious? To the ministry of religious affairs (awqaf). Literature? To the Union of Arab Books. All were a front for the Syrian security services, who would pore over the suggested titles, and in the best-case scenario, approve the book with exhaustive line-by-line corrections, or in the worst-case scenario, reject the book in its entirety.

Lês fierder by The GuardianLês fierder