Blog Johan Veenstra: Waetersnoodramp 1825 (1)

logo.ensafh

In drie van mien elf ammarillen he’k now al een dikke knoppe zitten. Dat is een mooi begin en ik hope inderdaod dat dit et begin nog mar is.

Ik hebbe vandaege et lange verhael daor a’k mit doende was in klad ofmaekt en ok een dadde pat al uuttikt en opsleugen in de komputer. Et verhael gaot van Silverboys hieten. Et het te maeken mit de Waetersnoodramp van 1825. Vandaege ston daor een groot stok over in de Liwwadder Kraante. In de dagboekstokkies in et kommende weekaende za’k daor ok andacht an besteden. Op 3, 4 en 5 feberwaori 1825 wodden we troffen deur een verschrikkelike stormramp.… Lês fierder

Teleks: Oandacht foar de poëzijwike op Omrop Fryslân

logo.ensafh

Op & Ut troch presintaasjeduo Roelof Lousma en Miranda Werkman 25-01-2025 Omrop Fryslân. Gasten – ûnderwerpen:

Arjan Hut – dichter fan Fryslân oer de Fryske poëzywyke 2025 en de poëzywrald
Gabriëlle Terpstra – Ensafh oer ‘Grutte Gedichtejûn’
Doete Stenekes – De finale fan FeRstifal 2025
Christa Niklewicz – Rixt Dichterskollectief oer ‘Taal fan Wetter’. It program op 2 feburaris yn it tsjerke fan Sânfurd foar it omtinken oan de wettersneedramp 200 iir lien op 2 februaris 1825.

Op & Ut is ít útgeans- en kultuerprogramma fan Fryslân. Foar elts dy’t nijsgjirrich is wat der allegear te dwaan is.

SJoch en harkje op youtube https://www.youtube.com/watch?v=qaEPqzsXoG4Lês fierder

Syktocht nei de echte ‘wylde boerinne’

logo.ensafh

It is presys hûndert jier lyn dat skriuwer Teatse Eeltsje Holtrop út Drylts (1865-1925) de novellewedstriid fan literêr tydskrift De Gids wûn mei de Nederlânske oersetting fan syn novelle De wylde boerinne. Yn de podcast ûndersykje ik dit wier barde boeredrama. Wat fertelle histoaryske boarnen ús oer de haadpersoanen fan dit literêre peareltsje? Wa wie de echte wylde boerinne?

De wylde boerinne giet oer in fete tusken twa buorlju, dy’t ein njoggentjinde iuw libbe hawwe soenen yn Drylts. Haadpersoanen binne boerinne Broersma en har buorman, boer Lammers. De lêzer stapt middenyn it ferhaal yn, wannear’t by boerinne Broersma de gekte al ynslein is.… Lês fierder

Gabrielle en Arjan Bedoele it Net Ferkeard: Dada & Drachten

logo.ensafh

De gemeentedichter fan Smellingerlân skoot by ús oan! Erik de Boer fertelt oer syn aventoeren as dichter yn tsjinst en draacht it gedicht foar dêr’t er de baan mei ‘wûn’. Boartlik, urgint (driuwend?) en tagelyk snobbersguod foar de earen! De kachel stiet oan en we waarmje ús hannen oan in bakje tee. Arjan haffelt op koeke en stelt fragen. David Lynch is stoarn, wat is syn ynfloed op de Fryske poëzy?

Lês, harkje en sjoch fierder by de MoanneLês fierder

Aginda 09-02-2025: Publykslêzing Abe de Vries oer Waling Dykstra

logo.ensafh

Sneintemoarn 9 febrewaris is der in publykslêzing fan it Skriuwersbûn en sil Abe de Vries fertelle oer Waling Dykstra.

Op sneon 8 en snein 9 febrewaris hâldt it Skriuwersbûn in noflik wykein foar leden. Nei in aktive workshop oer toanielskriuwen op sneon, is der op de sneintemoarn in lêzing dy’t ek tagonklik is foar it publyk. Abe de Vries (skriuwer, dichter, oersetter, essayist, journalist en mear) sil leafhawwers fan de Fryske literatuer fertelle oer syn biografy oer Waling Dykstra (1821-1914), samler en skriuwer fan folksferhalen en ek einredakteur fan it Frysk wurdboek. Wat makket Waling Dykstra sa spesjaal en nijsgjirrich en hoe wurket dat: in biografy skriuwe?… Lês fierder