Dichter en oersetter Syds Wiersma is selektearre foar it LLiF-skriuwersprojekt dat organisearre wurdt troch Literature Wales. Fan 17 oant 31 maaie komme fjirtjin skriuwers út ferskate Europeeske lannen byinoar yn it Tŷ Newydd Writing Centre. Fiif fan harren komme út Wales sels. De groep sil meiinoar gearwurkje, (uteraard) skriuwe en der ek op út. De fokus leit op lânskip, ekology, mienskip en lytse talen. It projekt wurdt ôfsluten mei in besite oan it Heafestival Hay-on-Wye, dêr’t literêre eveneminten holden wurde en de dielnimmende skriuwers harren poëzy en oare literêre teksten klinke litte kinne. Op de lêste dei dogge se Londen noch oan.… Lês fierder