Kollum Gerard de Jong: Oudpepier

logo.ensafh

Wij hadden nije ‘raambekleding’ besteld, foor de weunkamer, de keuken, de werkkamer en de slaapkamer. Lilke term, ‘raambekleding’, lykas de subkategorieën: shutters, screens, plissé’s, jaloezieën. ‘t Is ‘n woordwereld der’t ik ‘t pâd niet in fine kin. Alhoewel: doe’t ik lessen ‘n paar sokken kocht sâg ik thús dat die op ‘t bontsy ston as ‘beenmode-artikel’. Dan is raambekleding nag genadig.

Lês fierder by Stichting Bildts AigeneLês fierder

Frysk op it poadium yn Antwerpen

logo.ensafh

It is tiisdeitejûn. Yn Antwerpen begjint dan it wykein. Dat is it motto fan De Dinsdagclub, in moderne oade oan de âlderwetske revu. Dy bringt dichters, muzikanten, komiken, dûnsers en oare artysten byinoar yn teäter Paroza. Hjir krige ik, tegearre mei Erik de Boer, gemeentedichter fan Smellingerlân, de kâns om in stikje Fryslân nei België te bringen. It waard in jûn fol ferrassingen, humor en in bytsje senuwen.

Lês fierder by Gabrielle Terpstra op Goeie… Lês fierder

Kollum Arjan Hut: In kreatyf en destruktyf libben

logo.ensafh

Maaie 2023. In âldere man mei in rollator komt kafee De Gouden Leeuw yn. De presintaasje fan twa dichtbondels is dan al oan ’e gong. Elkenien sjocht nei de jonge dichters efter de kateder. De man set syn rollator njonken de doar en smûcht as sil er derby delfalle. It duorret wol tsien minuten eardat er wat bekomt. Hy skoot syn ôfsakke huodsje wat omheech. Hy harket mei niget wat der foardroegen wurdt. Dan sjoch ik it pas. It is Jacobus Quiryn Smink, Gysbert Japicxpriiswinnende dichter!

Lês fierder by GoeieLês fierder

Petear mei Remco Kuiper: ‘Ik ha echt in bân mei dit plak’

logo.ensafh

Al fiif kear siet Remco Kuiper simmers in skoft yn de Skriuwersarke. Dêrmei is er in geregelde gast yn de arke dy’t earder fan Rink van der Velde (1932-2001) wie. It plak oan it petgat tusken De Wylgen en De Feanhoop biedt al moai wat jierren romte oan alle skriuwers dy’t yn alle rêst mei Frysk literêr wurk dwaande wolle.

Remco Kuiper (1971) komt der graach. ‘It ljocht dêr is sa moai, sa boppe dat petgat. Dizze simmer ha ik dat ek wer sjoen. Dy loften dêr binne unyk. It is sa rêstich, middenyn de natuer en dat wetter. En sjochst de sinne dêr sa moai ûndergean.’… Lês fierder