Aginda 20-01-2025: Presintaasje Printeboek Paula en de weirekke spegel

logo.ensafh

Op 20 jannewaris 2025 ferskynt Paula en de weirekke spegel, in printeboek foar bern. Bysûnder en seldsum is dat it boek yn trije ferzjes en fjouwer talen tagelyk publisearre wurdt:

– Frysk: Paula en de weirekke spegel
– Nederlânsk: Paula en de verdwenen spiegel
– Öömrang/Dútsk: Paula an di ferswünjen speegel/Paula und der verschwundene Spiegel

De presintaasje fan Paula en de weirekke spegel fynt plak op moandei 20 jannewaris om 10 oere yn Museum Belvédère, Oranjewâld.

Sjoch foar mear ynformaasje by Utjouwerij DeRypLês fierder

Besprek ‘Libbe’ fan Marga Claus

logo.ensafh

Resinsje Libbe troch Marie

It boek Libbe giet oer in frou dy’t ferhuze is, wylst se earst by har heit yn itselde doarp wenne. De frou, Gryte, fielt har skuldich dat se ferhuzet wylst har heit op sa’n kwetsbere leeftiid is (yn de 90). It ferhaal fertelt hoe’t Gryte de tiid belibbet en springt hinne en wer fan de notiid nei it ferline fan sawol Gryte as har heit.

Lês fierder by Marie Ketelaar-Algra op Heit & MemLês fierder

Twa nije publikaasjes oer it Frysk by Mercator Europeesk Kennissintrum: Sa leit it lân derhinne en Regionale Dossier oer it Frysk

logo.ensafh

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (ûnderdiel fan de Fryske Akademy) hat twa nije publikaasjes oer it Frysk: Sa leit it lân derhinne en in nije edysje fan it Regionale Dossier. It ynformaasjeboekje Sa leit it lân derhinne (Scarse & Ybema, 2024) jout in hânsum oersjoch fan de wetten, ôfspraken en ynstellings dy’t mei it Frysk te krijen hawwe. It Fryske Regionale Dossier (Riemersma, 2024) jout krekt in yngeand oersjoch fan it ûnderwiissysteem, it oanbod en ûntwikkelings op it mêd fan Frysk yn it ûnderwiis.

Lês fierder by FrisistykLês fierder

Aginda 30-01-2025: Lanlike Gedichtedei: Emily yn it Frysk

logo.ensafh

Har poëzy is guon lêzers sa dierber dat se har koartwei Emily neame, as wie sy in hertsfreondinne. Tagelyk heart it wurk fan de Amerikaanske dichteres Emily Dickinson (1830-1886) ta de hichtepunten út de wrâldliteratuer. Botte tagonklik is it oars net: Dickinson har gedichten binne faak riedseleftich en tsjuster.

It oersetten fan har poëzy yn it Frysk is in dryste ûndernimming, mar it bringt it ek tichterby. Yn neifolging fan de Fryske dichter Obe Postma is Klaas van der Hoek dy útdaging oangongen. It risseltaat is syn lêstendeis ferskynde bondel Smel is it Strân fan ’t Hert, mei 150 Dickinson-oersettings.

Sjoch foar mear ynformaasje en opjefte by TresoarLês fierder