Hidde Boersma

Te hastich om te rinnen

logo.ensafh

 

 

Ast my tsjintwurdich rinnen sjochst,
soest tinke dat de klinkers gloeie
Sa gleon slalomje ik tusken de mannichte troch

Myn kiezzen mealle om op myn tinzen,
en troch de groede yn myn foarholle
rint sâlt wetter de poeltsjes ûnder myn earmen yn

Dan sjitte myn eagen fjoer, en dan skroeie se dôf
Myn burd te lang, myn mûle droech

Ik far, mar sjoch neat foar de boech… Lês fierder

Hein Jaap Hilarides

Stimd slik

logo.ensafh

 

IV*

Hoe beskriif je leegte?
Dúzzend grizen klaai?

De mîns fult de rúmte in:
De stâd, ’t hoofd, ’t Wad.

Ik ful de sintugen fan sândlopertiid.
Eb lait besinkdelen bloat.

Floed slibt op de klaai.
See blinkt griis in oalyforf.

* Skreven bij ‘Nat Noorderleeg’, ’n oalyforfskilderij fan Fred Thoolen

Wad2014

Hendrik Elings: Wad 2014

Op 31 Maaie hat Hein Jaap Hilarides in boekpresintaasje fan de bondel Stimd Stik. Der wurde dan ek lânskippen fan Hendrik Elings presintearre. Oanfang 15:00 oere yn Atelier Elings
Sjoch ek ris op de side fan Hein Jaap Hilarides.… Lês fierder

Enno Salverda

Moanne emanearret ta in bloedsek

logo.ensafh

 

 

De see bestiet net,
glêzen drinke op ús lippen.
De wyn waait read efter de koralen.

Net hjir. – Jinsen.

Wy smarre kâlde krobben ûnder ús faam.
Brutsen bonken azemje manjefyk
as stiletto’s yn it fergetten stil orkest.
Fleis leit ree, fan rôvers skreaun.

De side waard net fûn.

Petgatten prate en in draak fleant oer de Lethe.
Wannear’t by hjerst de kjeld en tonge gnyskje blyn:

dan sil de moanne emanearje ta in bloedsek.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Sport

logo.ensafh

 

 

Sport en spieren. Dat like it mantsje
ek wol wat, mar wie er net te âld?

Op in jûn yn ‘e sigerige hjerst
gie er nei de kroech, dêr’t keale

manlju nuver guod ferkeapje. Mei in
plestik pûde spuiten en ampullen

kaam er thús, de oare deis online naam
er in abo op de lokale sportskoalle.

Oardel jier letter op it Boekefeest breed
stie it mantsje by de yngong fan Tresoar

foar de skodoar. ‘Jo komme der net yn’,
krige in genipige lytse kritikus te hearren.

De dwerch rûgele del by de betonnen trep.
Sok folk fertsjinnet it tsjil fan de lêste trein.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Wrak boatsje

logo.ensafh

 

 

Ader, jo mienden mar dat as jo mei in wrak boatsje
de oseaan opgiene en dan fersûpten dat jo dan
in leginde wurde soene? Mar jo wurk dat wie ek wrak,

jo hiene it ambacht net yn ‘e macht. Dat jo makken
der in ein oan. En Eeltsje fynt dat prachtich.
It twifeljend lyts talint dat syn gelikense werkent.

(nei oanlieding fan Eeltsje Hettinga: Ikader. Gerben Rypma Stifting 2012)… Lês fierder

Geart Tigchelaar

wierliken

logo.ensafh

 

 

krige fan syn heit
joech er him del oan it fuottenein
mei net mear as himsels
yn in âld fersliten himd

kin it mear as feiten nei de wierheid
wierliken net mar as it moat dan al

krige fan syn heit
de feiten en de wierheid hie er sels
betocht mei wat rieren yn ’e brij

joech it oan syn mem
dy’t skriemend oan it fuottenein
yn in âld fersliten wierheid
smoarde… Lês fierder

Nynke Groenveld, Jenske de Lange

Lytse Gysbert Japicxpriis 2013

logo.ensafh

 

It skriuwen fan in Frysk gedicht is de einopdracht fan it edukatyf projekt ‘Gysberts Lytse Rymlerye’ fan it Gysbert Japicxhûs yn Boalsert. Elke basisskoallegroep dy’t meidocht mei de trije bêste gedichten ynleverje en docht dan mei oan de ferkiezing foar winner fan de Lytse Gysbert Japicxpriis. Fan 2014 ôf sil de Lytse Gysbert Japicxpriis om de twa jier útrikt wurde.

Dit jier is út ein set mei in pilot en binne hjirfoar inkeld de skoallen yn Boalsert útnoege. Trije fan de fjouwer basisskoallen ha har oanmeld en sy diene mei mei seis groepen. Der binne achttjin gedichten ynstjoerd en dizze binne troch sjuery Hindrik van der Meer en Siebe Haven besjoen en sy ha as winners útkeazen: Nynke Groenveld (10 jier) en Jenske de Lange (11 jier), beide fan CBS De Bron.… Lês fierder