Tsjisse Hettema

De Slachte meandert…

logo.ensafh

 

De Slachte meandert tusken glêsmuorren
befluorje it eachweid
aansen

ryp en grien fan Albert Heyn en al dy oare rimram
puollemuolket heal besopen út flústerfinsters wei
aansen

gas en salt lûke de wrâld
hjir
foar wûnder nei ûnderen
no

en de gemeente ferkeapet foar in
heale obol dit tûzenjierrich lânskip
foar in reis mei Charon
nei de glêzen hel
 


 

Abe de Vries, Wy, te leedomsizzen
Edwin de Groot, It wytget see
Meindert Bylsma, Pake
Elmar Kuiper, Realm of ChaosLês fierder

Elmar Kuiper

Realm of chaos

logo.ensafh

 

Karl
de moshpit is in gierensirkel
wat wolst no
as skiere muontsenskaad
oer de harsens
en desibel útbonket

hollebatsers binne ek mar
minsken
ek al balte se as kij
en kuierje se net
op in ferlerne sneintemiddei
ha se winliken
de jui yn

it binne domdryste
bollen en naive keallen Karl
dy’t nuver snuve en skite

lit mar sitte
do hast dyn mikrofoan
dyn swit rûkt nei farske
kuil in oerlûd sil út dy
moartsje.

Foar Karl Willets, sjonger fan de Ingelske deathmetal band Bolt Thrower. Harren cultalbum ‘Realm of Chaos’ kaam yn 1989 út.
 


 

Abe de Vries, Wy, te leedomsizzen
Edwin de Groot, It wytget see
Meindert Bylsma, Pake
Tsjisse Hettema, De Slachte meandert….Lês fierder

Meindert Bylsma

Pake

logo.ensafh

 

Yn ’e kûveuze fan ‘e tiid,
as in gladiator yn ‘e aow,
fjochtet pake tsjin ‘e ynfaazje fan ’e eksoaten.

Mei broeikaskobben op ‘e siele
wiist er syn pakesizzer it paad fan no nei doe:
“Hjir wie de bulterige seize, dêr de skeane five.
Hjir siet pake efter in hikke
en dêr, dêr’t no dy reade paprika leit,
siet doe in ljip te striesmiten.”

Betondike, as by in fiadukt, rinne de paden
fan no nei doe, fan doe nei no,
fan ûntheistering nei fernuvering,
oer elkoar hinne: “In ljip pake,
is dat itselde as in soarte fan batterijhin
en wêrom smyt sa’nien mei strie?”… Lês fierder

Elmar Kuiper

afterparty

logo.ensafh

 

ferlit dyn plak
draach de nacht oer
oan in iere fûgel

lis de klean
dimmen
op in protsje

sis aai poes
streakje
de stiknaden
sêft

ferjit net
wat útstrieling
docht

lekker koese broek
lekker sliepe trui… Lês fierder

Elmar Kuiper

wy geane fansels kapot

logo.ensafh

 

ik kin it libben der ôfswitte
ûnnoazel dwaan is gjin keunst

as in lilke ome willem
sit ik fêst

ik bin net dreech
hjoed meisto my leaf ha

myn hannen gûchelje hurde
huffen út ’e knúst fan it wurd

joepie de poepie komt
sa ynfantyl oer fynst net?

ik draach in lilke pet
soer sjen kinne ús lûden net

hymje mar

hjoed meisto my leaf ha
dreech is it net

wy geane fansels kapot… Lês fierder

Albert Meijer

romte

logo.ensafh

 

Wite tsjerke, ik wol dy ferruilje
Mei in normale brune.
Wite ko. Krij stippen!

Blauwe giele reade hûzen,
Jim frjemde kleuren fei ik fuort mei myn teisters.

En myn trage romteskip bommelt troch it grien.… Lês fierder