Jenny Veenstra

It Reade Paad

logo.ensafh

 

Sjochst it reade paad foar dy?
Kronkeljend tusken de grutte blêden
en de grouwe beammen fan in gruwelbosk?
Sjochst dy man, of nee, dy jonge,
sjochst dy jonge mei de strakke lippen?
Read is it paad dat foar him leit,
swart binne de blêden en beammen fan it bosk
en neist him rint in bleek famke, of nee, in frou
mei de hân yn ‘e bûse.
Wat wolsto, freget de man, of nee, de jonge.
Wat wolsto hie it famke, of nee, de frou sa faak frege.
Wat wolsto, raast er út en hy draaft.
De jonge draaft draaft draaft oer it reade paad,
fljocht hurd planten foarby, strûken foarby, beammen foarby,
snijt hurde lianen fuort, snijt taaie tûken fuort, snijt beamblêden fuort
hymjend, achter de pûst
en stapt mei wurge fuotten
wer fierder
oer it reade paad.… Lês fierder

Jabik Veenbaas

Iepenbiering

logo.ensafh

 

ik, de sultansinne, de alnimmende, de
ierdeomfiemer

kaam swierlivich del fan myn djipblauwe treppen
skopte de hite dunen út myn skoech en
switte de see. op myn hongerich befel
riisden út it wiet de wrinzgjende froulju
sloegen wyld mei de sturt en lieten har

falle: it wie in bleate
bea fan billen dy’t him begearich
nei my takearde: lea! lea!

ik, de sultansinne, de seeswittende, ik
hillige har loai mei myn hinglippen
en fear wolkeleas op

och hoe leaf it hier fan lytse berntsjes
as helmgers groeide… Lês fierder

Alfred H. Stucki

Ik wit my skyt

logo.ensafh

 

(foar Mem, 2-6-2007)

ik wit my skyt
twa juny
Mem jierdei
dea
ferkrommele yn Goutum
ik wit my skyt

ik wit my skyt
de skeane koppen dy tinke
dat se mear binne as in oar
binne de skythúzen
dêr’t ik op skyt
ik wit my skyt

ik wit my skyt
twa juny
de sinne fûgels beammen stiennen
en sûnder skyt
gjin beammen fûgels
ik wit my skyt… Lês fierder

Ruurdtsje de Haan

Reis mei stûpen

logo.ensafh

 

Sjochst it net faak:
de dea, in Molukker en de laak
tagelyk op in stasjon.

De dea die him foar as bline reizger
hy kocht in kaart op goed gelok,
rûn in skoftsje troch it middenpaad
bejoech him doe nei in skeane hoeke.

De Molukker wie net allinne, nea.
Syn maten laken en fernuveren har
mei skilich sjen nei it útsicht
op bettere tiden soe skielk blike.

It foel foar dat de trein ho hold.
Lichter letter oer it wikselspoar
wie net te sizzen hokker ûntbruts;
de dea, in koffer of de laak.
 
 
Op 11 juny 2007 wie de treinkaping fan Beilen troch de RMS 30 jier lynLês fierder

Ruurdtsje de Haan

Of hoe’t romantyk op ’e donder krijt

logo.ensafh

 

Do en ik baaie yn Vivaldi’s muzyk
oan in kust fan swiere klaai.
It skroarsoere hâldt der langer oan,
wy feroarje it yn in nije moarn
en rjochtlinich strân dêr’t it sân
op sâlt liket fan in oanbrutsen jozopûde,
wat rôze fan de slieperige sinne.

Ik bin de rizende seestjer út it easten,
do de mearman fan it dún-
kastiel bedutsen mei krêm roazen,
in jutter mei earbel, tatoe, jutesek
en in trijetine foar de brûnsribbige
seeslange dy’t tsjin alles stribbelet.
Hy hjit fan Leffert, mar dat witte wy net.… Lês fierder

Ruurdtsje de Haan

Of hoe’t romantyk op ’e donder krijt

logo.ensafh

 

Do en ik baaie yn Vivaldi’s muzyk
oan in kust fan swiere klaai.
It skroarsoere hâldt der langer oan,
wy feroarje it yn in nije moarn
en rjochtlinich strân dêr’t it sân
op sâlt liket fan in oanbrutsen jozopûde,
wat rôze fan de slieperige sinne.

Ik bin de rizende seestjer út it easten,
do de mearman fan it dún-
kastiel bedutsen mei krêm roazen,
in jutter mei earbel, tatoe, jutesek
en in trijetine foar de brûnsribbige
seeslange dy’t tsjin alles stribbelet.
Hy hjit fan Leffert, mar dat witte wy net.… Lês fierder

Jouke Hylkema

Spul thús / Thússpul

logo.ensafh

 

Stille tsjûgen steane stomslein fan strideraasje
Foarlike fynsten fan hynsten, feitlik ferdreaun
Diagonale rinders yn ’e besnijing fan skeanten
Stive statueren en bloc as stilswijende skowers

Spanningsboarnen as statyske yntriges fan hout
Wachtsje op bewegings, meganismen fan ’e hân
It boerd de stikken, hurde staketsels fan it ferstân
Teaterfoarm as in ferhoalen flechtplak foar ferhâldings

Isolearre stiet in lytsman klear fan swart op wyt
En passant foarbygien oan syn neiste opponinten
In ienling dy’t al langer longeret nei keninginnen
Metamorfosearret troch syn hoedene rinnen

Yn ’e arena fan kontrasten stiet it driigjende toaniel… Lês fierder