
Programma:
19:30: Ynrin.
20:00: Presintaasje fan de debútbondel fan en troch Sigrid Kingma mei Joost Oomen, Elmar Kuiper en Arjan Hut.
20:30: Greetje Bijma mei gedichten fan R.R. van der Leest.
Yntree is € 5-. Dat is foar de artysten. Dêrtsjinoer binne de hapkes fergees en is it drinken net djoer.
Typearing fan de bondel
De bondel hat de titel Reade triedleas wat sawol op de ynhâld as op de foarm fan de bondel fan tapassing is. De reade tried fan it libben is ferbylde yn de opbou fan de bondel dy’t ynearsten frij tafallich liket. De reade tried is ek in ynfús foar in bloedtransfúzje, in ferwizing nei in sykteferline.… Lês fierder
… 