
Presintaasje dichtbondel, mei meiwurking fan de dichters Elmar Kuiper, Sytse Jansma, Tim Honnef en muzykploech Tigers fan Greonterp. Op snein 24 jannewaris wurdt in bysûndere jûn mei literatuer en muzyk organisearre by gelegenheid fan de presintaasje fan de dichtbondel ‘leech hert yn nij jek’ fan Geart Tigchelaar.
Nêst Geart Tigchelaar trede op de dichters Elmar Kuiper, Sytse Jansma, Tim Honnef en de alternative en ekspirimentele mjuks muzykploech Tigers fan Greonterp.
Geart Tigchelaar (1987) rekkenet yn ‘leech hert yn nij jek’ ôf mei it ferline, mar sjocht ek foarút. In besykjen dat de iene kear better slagget as de oare kear. Dat leveret poëzy op dy’t skjirret, dy’t echt is, dy’t libbet en stjert as in hert.De… Lês fierder