De Portugeeske dichters dy ‘ t op 28 jannewaris oan ‘ Broodje Poëzie’meiwurken, sille mei de Fryske groep Tsjinlûd (de dichters Remco en Elmar Kuiper, Grytsje Schaaf en Jan Kleefstra , en de muzikanten Christiaan Kuitwaard, Anne Chris Bakker en Romke Kleefstra ) twa muzikale en poëtyske foarstellingen fersoargje.
By dy foarstellingen wurdt Portugeeske en Fryske poëzy troch seis dichters foardroegen op de muzyk fan fjouwer muzikanten. De foarstellingen duorje ynklusyf skoft sawat oardel oere en wurde ynlaat troch ien fan Kening fan de Greide dy’t wat fertelt oer de reis nei Spanje en Portugal en de reden fan de oanwêzigens fan de Portugezen.… Lês fierder

