De kommende Warns-betinking is op sneon 26 septimber 2015 mei as tema “Kommende Generaasjes”.
Hoe stean de jonge Friezen foar de taal en kultuer fan Fryslân oer?
Sprekker : Chris van Hes, foarsitter fan de Jongfryske Mienskip – Trûbadoer Bruno Rummler sjongt. Fierders sille ferskate Fryske ynstelling in presintaasje fersoargje.
De muzikale begelieding wurdt fersoarge troch it korps “De Lytse Súdwesthoeke”.
Nei ôfrin is der in neisit yn “De Spylder” yn Warns. De betinking begjint om 13.45 oere.
