Fryske oersettersdei oan de RuG
De oplieding Minorities & Multilingualism/Frysk oan de Ryksuniversiteit Grins organisearret op 26 septimber o.s. de ‘Fryske Google Translate Dei’, yn oparbeidzjen mei it Grinzer Taalburo Popkema, dat him benammen op it Frysk útleit.
Op dizze oersettersdei sil der safolle mooglik Ingelsk yn it Frysk oerset wurde. It doel is dat it Frysk dêrmei ien fan de talen fan Google Translate wurde kin. Foar in lytse taal as it Frysk is it fan grut belang dat it yn sokke digitale ûntjouwingen meigiet.
Dy’t it mei it Frysk en/of de oplieding Frysk goed foar hawwe en dy’t it Frysk skriuwe kinne, wurde útnûge om har, leafst foar 19 septimber, foar dizze dei op te jaan.… Lês fierder


