23-03-2025: Presintaasje ‘Leafde yn oarlochstiid’ fan Willem Verf

logo.ensafh

Oan de basis fan dizze novelle lizze de oantinkens fan de mem en de heit fan de skriuwer. Syn âlden krigen ferkearing yn Dútslân, yn ’e oarloch, wylst it Ruhrgebiet heftich bombardearre waard. By biten en brokken fertelden hja har soan letter út en troch oer wat sy yn dy tiid meimakken. Hoe komme minsken dy’t gjin helden binne, dy’t neat hawwe mei ideologyske fiersichten, troch sokke tiden fan fernieling, dea en ûntregeling?
Sa persoanlik as yn dit boek hat Willem Verf boppedat net earder west. De wize wêrop’t hjir nei dy oarloch sjoen wurdt, is oars as dat men wend is – in útdaging foar de lêzer.… Lês fierder

Aginda 23-03-2025: Lêzing Reitze Jonkman en Arjen Versloot oer it Stedsfrysk

logo.ensafh

Koartlyn ferskynde it boek Het Friese ‘Nederduits’ troch taalwittenskippers Reitze Jonkman en Arjen Versloot. Sjoch ek dit berjocht fan Goeie.frl fan 23 febrewaris lêstlyn. Under oare it Leewadders (Liwwadders), ien fan de farianten fan it Stedsfrysk, komt yn dat boek wiidweidich oan ’e oarder.

De ea sa prestisjeuze stedstaal fan de Fryske elite waard letter as stedsdialekt mei in lege sosjale status rekkene. Hokker histoaryske ûntwikkeilngen binne dêr de oarsaak fan en hokker ûnderlinge taalkudnige beynfloedingen fan it Nederdútsk út de 16e en 17e iuw en it Frysk fan doetiids binne yn de hjoeddeiske wurdskat fan de stedsdialekten en fan it Frysk oan te wizen?… Lês fierder

Aginda 25-05-2025: Dichter op de Deel

logo.ensafh

Achtste editie aan van Dichter op de Deel

Zondag 25 mei om 14.00 uur (inloop 13.30 uur)

Thema: Letterlânskip

Dichter op de Deel is een meertalige poëziemiddag met dichters in het Nederlands, Fries en Gronings. De Friese stelpboerderij vormt een unieke locatie, de line-up is veelbelovend:

Tsead Bruinja, Aly Freije, Sytse Jansma, Anne Broeksma, Kasper Peters, Sholeh Rezazadeh, Alexander Moto, Gabriëlle Terpstra en Dien L. de Boer.

Muziek: Sietske Trinks, Johannes Terpstra en Elvire Boelee.

Sjoch foar mear ynformaasje by DichteropdedeelLês fierder

Aginda 22-03-2025: Postume bondel Willem Abma ‘Bewarre’ en ‘Requiem ta treast’

logo.ensafh

BEWARRE EN REQUIEM TA TREAST

Op sneontemiddei 22 maart wurdt Willem Abma syn lêste dichtbondel Bewarre postúm presintearre. By dy gelegenheid sil Marcus Veenstra mei in gelegenheidskoar in part fan Requiem ta treast útfiere. De teksten skreaun troch Abma binne troch Veenstra op muzyk set.

Foarich jier simmer ferstoar skriuwer-dichter Willem Abma op twaëntachtichjierrige leeftyd. Abma publisearre by syn libben mear as tweintich dichtbondels, ferskate romans, koarte ferhalen en toanielteksten. Hy skreau ek geastlike lieten. Syn earste dichtbondels ferskynden ûnder it pseudonym Daniël Daen. Foar de earste trije krige er yn 1973 de Gysbert Japicxpriis. Abma wie ek belutsen by Operaesje Fers, dat yn 1968 oprjochte waard, en hy siet jierrenlang yn de redaksje fan it literêr tydskrift Trotwaer.… Lês fierder