Op snein 30 augustus wurdt yn Brantgum in boek presinteare oer prof. dr. Anthonia (Tony) Feitsma (1928-2009). It boek, Wittenskip en Beweging, befettet in alvetal skôgings fan foaroansteande wittenskippers oer it wurk fan de eardere heechlearaar Frysk. Feitsma wie net allinne in lang skoft professor Frysk yn Amsterdam, mar ek in fûleindich striidster foar it Frysk; dêrby mijde Feitsma de konfrontaasje perfoarst net. Boppedat wie Tony Feitsma yn de sechstiger jierren ien fan de oprjochters fan de FNP. Yn – letterlik – tûzenen stikken hat Feitsma yn kranten, tydskriften en boeken skreaun en wreaun oer it Frysk en syn posysje yn de maatskippij.… Lês fierder
