Iepening Skriuwersarke 2015
Op freed 17 april wurdt de Skriuwersarke op De Feanhoop wer iepene. Middeis om 15.30 oere sille Henk de Vries (direkteur It Fryske Gea) en Pieter de Groot (Stifting FLMD) de nammen fan de skriuwers bekend meitsje, dy’t dit jier yn de Skriuwersarke tahâlde sille.
By de Skriuwersarke (Drachtster Heawei 19, tusken De Wylgen en De Feanhoop) sille de bewenners fan dit seizoen harsels foarstelle en wat oer har plannen fertelle.
Dêrnei wurdt elk útnoege om mei te gean nei restaurant It Polderhûs (Kraenlânswei 1, De Feanhoop). Dêr sille fan 16.00 oere ôf de arkebewenners fan 2014, t.w.… Lês fierder