Op tongersdei 6 maart 2025 organisearret Ljouwert UNESCO City of Literature de tredde edysje fan Lettertreffen, ús gearkomste foar de literêre sektor yn Fryslân.
We prate dy middei skriuwers, útjouwerijen, biblioteken, boekhannels, literêre tydskriften en stypjende organisaasjes graach by oer ús plannen en litte sprekkers oan it wurd. En fansels is der tiid om inoar te moetsjen en mei-inoar te praten.
Tongersdei 6 maart
14:30 (ynrin), 15:00 (start) – 17:30 oere
dbieb Ljouwert, seal De Kapel, Blokhuisplein 40
Sjoch foar it programma en oanmelding by Ljouwert UNESCO City of Literature… Lês fierder

