Ferdinand de Jong presintearret freedtejûn fan healwei achten ôf yn doarpshûs It Bynt syn nije roman Bedoarne Hannel.
Bedoarne Hannel is in thriller/misdiedroman, dy’t útjûn wurdt troch de Friese Pers Boekerij. It is it fjirde boek fan De Jong, dy’t earder mei syn twadde boek It Dak fan de Wrâld de Rink van der Veldepriis wûn, de literatuerpriis fan de gemeente Smellingerlân.
It earste eksimplaar fan Bedoarne Hannel wurdt útrikt oan Twadde Keamerlid Lutz Jacobi, dy’t by de presintaasje ek koart oan it wurd komt oer it belang fan Fryske boeken. Fierder sil Carin van Eekelen in koarte presintaasje jaan oer it it wurk fan Fier Fryslân.… Lês fierder

