23-05-14 Literêre bustocht troch it gea fan Dam Jaarsma

logo.ensafh

Op freed 23 maaie om 9.30 begjint by Tresoar de Literêre Bustocht troch it gea fan Dam Jaarsma. Meiwurkers binne ûnder oaren Marianne van Zuijlen (Meertens Instituut) en ferhaleferteller Douwe Kootstra. Der wurdt ek hohâlden by de pleats fan omkesizzer Auke de Jong yn Eastermar, dy’t ien en oar sjen litte sil fan foarwerpen en folkskeunst dy’t Jaarsma sammele.
Oan de ein komt de tocht út yn Theater Meerzigt yn Eastermar, dêr’t de dielnimmers de presintaasje bywenje fan it ferhaleboek Mearkes út ‘e Wâlden fan Dam Jaarsma; dy begjint om healwei fjouweren. Nei ôfrin rydt de bus werom nei Ljouwert.

Kaarten foar de bustocht: €48,–, ynklusyf kofje en lunch ûnderweis.­… Lês fierder

30-03-14 Nieuw Atlantis’ So Wad?

logo.ensafh

Nieuw Atlantis’ So Wad? Jazz en poëzie gaat voor het eerst on tour. Op 30 maart is het nieuwe concept waarbij musici jazzthema’s improviseren op gedichten en dichters een gedicht schrijven op een jazzthema, voor het eerst in Harlingen. Het Nieuw Atlantis Trio – deze keer bestaand uit Bob Driessen op saxen, Oeds Bouwsma op contrabas en Ruben Mulder op piano – speelt dan met de dichters Sytse Jansma, Hein Jaap Hilarides en Elmar Kuiper. Musici voor wie taal als muziek in de oren klinkt. En dichters die als geen ander jazzy schrijven en performen.

1509061_10201683926607942_1197912970_nLês fierder

04-04-14 Presintaasje De kristlik-Fryske beweging yn de tweintichste ieu

logo.ensafh

Oan it begjin fan de tweintichste ieu wie it idee om Frysk te brûken yn it godstsjinstich en ek it tsjerklik libben sokssawat as flokke yn ’e tsjerke. Ds. Sipke Huismans fan Eanjum hat mei de oprjochting fan it Kristlik Frysk Selskip yn 1908 de stjit jûn ta feroaring: prinsipieel wie der neffens him gjin beswier om yn it Frysk te bidden en te preekjen. Krekt oarsom: de eigen taal rekket it hert folle mear as de Hollânske ‘tale Kanaäns’. Dochs hat der yn ’e tsjerken in soad wjerstân west, beanammen by grifformearden. Earst nei de Twadde Wrâldoarloch krige it Frysk in erkend plak(je) yn ‘e tsjerke.… Lês fierder

28-03-14 premiêre Sykje om Suske

logo.ensafh

Toanielferiening De Takomst Húns/Leons pakt út mei Sykje om Suske
Sykje om Suske is in blijspul en famyljefoarstelling fan Hans Brans (oersetting Lolkje Hoekstra) mei in protte humor, fantasy en muzyk. It giet oer in aparte húshâlding dêr’t elk syn eigen dreamen hat. Rozemarijn Strubbe docht dit jier de rezjy. Sy folget de rezjy oplieding by FRATS en studearret mei dit stik yn Húns ôf.

Suske dreamt fan in suske en giet der op út om har te finen. Underweis komt se ferskate nuveraardige personaazjes tsjin. Dat se net ferdwaalt, tanket se oan de sjaal dy’t beppe oan it breidzjen is.… Lês fierder

29-03-14 Presintaasje ‘The Croack’

logo.ensafh

presentatie ‘The Croack’ in Boekhandel van de Velde, 29 maart 2014

Geachte redactie,

Op 29 maart aanstaande presenteert uitgeverij Perio, een kleine uitgeverij van bijzondere boekjes, ‘The Croack’. The Croack is een stripverhaal, geschreven en getekend door de Deen Ole Lindquist. Ole was aan het eind van de jaren zestig van de vorige eeuw een opvallende verschijning in de Deense hoofdstad Kopenhagen. Samen met zijn uitgever Otto Sigvaldi verkocht hij vanuit een kinderwagen zijn komische strips. Ole was de ultieme Deense hippie. Bont uitgedost, wars van conventies. Willem Winters van uitgeverij Perio legde de hand op een totaal stukgelezen exemplaar van The Croack en besloot het opnieuw uit te geven, nu in Nederland.… Lês fierder

31-05-14 Fryske skriuwdei

logo.ensafh

Sneon 31 maaie is der gelegenheid om op in leechdrompelige wize yn kontakt te kommen mei it ferskynsel literêr skriuwe yn it Frysk. Dielnimmers kinne kieze út trije deiprogramma’s, it iene is wijd oan it skriuwen fan poëzy, de proazaskriuwers kinne kieze út skriuwe foar bern of foar folwoeksenen. Moarns wurde de workshops jûn yn Tresoar (Ljouwert). Nei de lunch gean we nei it Natuurmuseum Fryslân. Sawol it gebou, eartiids it stedsweeshûs fan Ljouwert dêr’t de ‘voogdenkamer’ fan bewarre bleaun is, as de kolleksje – laadsjes en fitrinekasten fol stiennen, skulpen, opsette bisten en fan alles en noch wat op sterk wetter – foarmje in ynspiraasjeboarne foar fraaie fersen en sterke ferhalen.… Lês fierder