Wa’t syn alderleafste op Falentynsdei ferrasse wol mei in orizjineel Frysk (leafdes)gedicht, kin de help ynroppe fan skriuwster en dichteres Baukje Wytsma.

Op freed 14 febrewaris sit hja middeis fan 15.00 oant 17.00 oere yn de Afûk Fryske boek- en kadowinkel klear om elk dy’t dat wol, te helpen mei it skriuwen fan in leafdefol gedicht. Leafdesfragen stelle fia Twitter kin ek fia @praatmarfrysk.
Dizze spesjale Falentynsaksje slút oan by it tema fan de lêst ferskynde dichtbondel fan Wytsma, Ik ek fan dy. Yn dy bondel beskriuwt de dichteres yn achttjin gedichten de leafde oan de hân fan yllustraasjes fan de Dútske yllustrator Wolf Erlbruch.… Lês fierder
Foar de organisaasje fan it Sirkwy Sympoasium wie dat oanlieding om wat te dwaan mei it tema klassikers yn de literatuer. Trije skriuwers ha opdracht krigen in stik te skriuwen oer de betsjutting en de wearde fan dy klassikers, elk mei in spesifike fraachstelling. Dat giet net allinnich oer boeken; ek sosjale en maatskiplike aspekten komme op it aljemint.…