BONDELPRESINTAASJE FIERE WAKE
Op sneintemiddei 15 desimber presintearret Syds Wiersma syn nije boek: Fiere Wake, Ierske gedichten en reisferhalen. De presintaasje fynt plak by Slieker Film, it filmhûs yn Ljouwert. It boek ferskynt by Utjouwerij Hispel.
Fiere Wake is de delslach fan trije lange reizen troch Ierlân. Kuierjend, liftsjend en mei bus en trein bereizge Syds Wiersma it eilân. Hy skriuwt oer moetings mei minsken, plakken, lânskippen en tiden. Ek de roerige skiednis fan Ierlân is in wichtich tema yn it boek. De bylden yn de bondel binne fan byldzjend keunstner Tjibbe Hooghiemstra, dy’t in soad yn Ierlân omslacht en dêr wenne, wurke en tentoanstellings hie.… Lês fierder