Ferhaletocht yn Alde Leie op snein 19 jannewaris 2014
It tema fan dizze kulturele middei is: Doarp!
Op sneintemiddei 19 jannewaris 2014 sitte fjouwer fertellers op ferskillende lokaasjes yn Alde Leie klear om jim harren (doarps)ferhaal te fertellen.
De fertellers binne: Anne Feddema út Ljouwert (skriuwer/dichter/byldzjend keunstner), Cees Luiten út Stiens (skriuwer/dichter), Pim Roodenboog út Bears (skriuwster/dichteresse) en Ids Willemsma út Easterwierrum (byldzjend keunstner/dichter/âld-Aldeleister).
Yn ploechjes geane jim mei in gids by de fertellers op ’e lokaasjes lâns. Nei ôfrin kinne jim snert ite yn doarpshûs Us Gebou.
Oanfang: 16.00 oere yn doarpshûs Us Gebou, Streek 9, Alde Leie.
Kosten: € 15,00 p/p (ynkl.… Lês fierder
