05/06-04-13 Frysktalige klucht Dûbel Op

logo.ensafh

Kommende freed en sneon spilet toanielselskip ‘Op’e Nij Feriene’ út Bantegea de Frysktalige klucht ‘Dûbel Op’ ûnder rezjy fan Marten de Boer yn Theater Sneek. It is de twadde útfiering fan it winterskoft 2012-13 fan Teater Snits. Diskear dus net troch de eigen toanielploech omdat dy drok binne mei de tariedings foar it iepenloftspektakel ‘De Drie Gebroeders’. De ploech út Bantegea komt lykas Teater Snits út yn de Eare Klasse. Beide toanielferienings spylje de lêste jierren yn de top fan de Eareklasse. Nei ôfrin fan de foarstellingen is der dûnsjen mei Petje Af. Oanfang op beide jûnen is om 20.15 oere in Theater Sneek oan de Westersingel yn Snits.… Lês fierder

13-04-13 Literêr Sirkwy set útein mei in kursus Better Presintearjen!

logo.ensafh

Workshop jûn troch Philip Curtis

Net eltse skriuwer of dichter dy’t wolris op in poadium stiet, is like wis fan syn stim en hâlding by it foar it ljocht bringen fan poëzy of ferhalen.
Hoe brûkt men bygelyks in mikrofoan? Wêr lit men syn hannen?
At jo graach ris wat tips en hânfetten krije wolle soenen om dat better oan te learen, dan krije jo dêr no de kâns foar.

Op sneontemiddei 13 april wurdt der in ynteraktive kursus jûn foar skriuwers (Frysk, Hollânsk, dialekt) dy’t harren poadiumpresintaasje ferbetterje wolle. De kursus is in ferfolch fan op dy fan it skriuwerswykein yn Riis yn 2012, mar is likegoed nijsgjirrich foar minsken dy’t foar it earst meidogge.… Lês fierder

04-04-13 POËZIE EN KUNSTENAARSGESPREK

logo.ensafh

UITNODIGING POËZIE EN KUNSTENAARSGESPREK

met: Jochem Hamstra, Eeltsje Hettinga, Anne Feddema en Tjibbe Hooghiemstra

Op donderdag 4 april vanaf 19.30 uur bent u welkom op een informele avond waarbij de Friese dichters Eeltsje Hettinga en Anne Feddema voordragen uit eigen werk. Zowel in het werk van Hettinga als Feddema speelt de beeldende kunst een grote rol.

De huidige exposanten Jochem Hamstra en Tjibbe Hooghiemstra zijn deze avond aanwezig en nodigen u uit met hen in gesprek te gaan over hun tentoongestelde werk.

Om te voorkomen dat u vergeefs naar Gorredijk komt vragen we te reserveren via 0513 465178 of via info@galeriehoogenbosch.nl… Lês fierder

12-03-13 Poezijmiddei te Koarnwert

logo.ensafh

Poezijmiddei te Koarnwert

Datum: 12 maaie 2013 yn de tsjerke fan Koarnwert

Tiid: 14.00 -16.00 oere

Doel fan dizze bijienkomst: wij noegje de leden en eventuele oare belangstellenden út om ien of heechstens twa gedichten foar te lêzen dy’t har yn ’t bysûnder oansprekke. It is de bedoeling dat de meidoggers dêrbij yn it koart (foar of nei it foarlêzen) útlizze wat har no presys sa yn it hert rekke hat bij it keazen gedicht. De foarlêzers wurdt fersocht om har teksten nei ôfrin oan Geart van der Meer te oerlangjen. Dy stikjes wurde dan yn de earstfolgjende WJERKLANK en/of op it webstee publisearre.… Lês fierder

26-03-13 Film oer Tsjebbe Hettinga by Ned. Vlaams & Fries Filmfestival

logo.ensafh

Dinsdagochtend om 11:45 uur draait de film Tsjêbbe Hettinga: Yn dat sykjen sûnder finden op het Nederlands, Vlaams & Fries Filmfestival. Vanwege het recente overlijden van de bijzondere Friese dichter, is de film van Pieter Verhoeff als eerbetoon aan het programma toegevoegd. Kaarten zijn te krijgen bij de kassa voor een speciaal tarief van 6 euro.

Meer informatie over de film is te vinden op deze pagina:
Tsjêbbe Hettinga: Yn dat sykjen sûnder finden

Boarne: SliekerfilmLês fierder

23-03-13 Sirkwy Sympoasium ‘See, see, do wide see!’

logo.ensafh


See, see, do wide see!
Sirkwy Sympoasium 23 maart 2013

 

Yn 2013 hawwe in oantal saakkundigen út it literêre fjild, krekt as yn 2011 en 2012, de opdracht oannommen om in essee te skriuwen oer in ûnderwerp út de Fryske literatuer en dat (yn koartere foarm) te presintearjen yn in lêzing.
Yn tsjinstelling ta de eardere edysjes wurde de lêzingen no op ien middei presintearre, dêrom de term ‘sympoasium’. De folsleine teksten fan de essees ferskine yn in spesjaal nûmer fan it literêr tydskrift Ensafh.

Dit jier is as tema keazen de rol en de betjutting fan de see yn Fryske folkslieten, literêre ferhalen en de moderne poëzij.… Lês fierder