Klik op it plaatsje foar in grutter byld
Martsje de Jong is de gearstaller fan de ferhalebondel Yeeha!, dy’t op snein 28 juny om 15.00 oere presintearre wurdt yn it Brouwdok te Harns. Nigethawwers binne fan herten útnûge om dêrby te wêzen.
Sjoch foar mear ynformaasje by Goeie… Lês fierder
Bysûndere festivaljûn mei poëzij, essay-foardrachten, muzyk & dûns oer de dichter Obe Postma en syn leafde foar it Fryske lânskip.
Op freedtejûn 26 juny fynt yn de Bonifatiustsjerke yn Koarnwert de festivaljûn Ode oan Obe plak. It is in Ode oan Obe Postma en syn leafde foar it lânskip. Mei poëzy, sprutsen essays, muzyk en dûns wurdt earbetoan brocht oan wittenskipper en dichter Obe Postma, dy’t yn Koarnwert berne waard en dêr ek begroeven leit.
Obe Postma jildt as ien fan de wichtichste Fryske dichters. Syn wurk is bot ferbûn mei it Fryske lânskip, it oantinken oan syn jeugd en it doarp Koarnwert.… Lês fierder
Op tongersdeitejûn 18 juny is yn De Bres yn Ljouwert de feestlike útrikking fan de Fryske Essaypriis. De skriuwers yn ’e top-3 sil harren essays foarlêze en nei it foarlêzen fan it sjueryrapport wurdt dan de winner bekend makke.
De jûn wurdt ekstra feestlik mei muzyk fan Bennie Huisman. De sjuery, besteande út Abe de Vries, Jelma Knol en Doeke Sijens, hat mei nocht de tweintich ynstjoeringen lêzen en dêrút in kar meitsje kinnen. De winnende essays wurde publisearre yn de nijste Ensafh.
Lês fierder by Goeie… Lês fierder
Freed 22 maaie om 15.00 oere iepenet de Dichter fan Fryslân, Arjan Hut, de troch him gearstalde eksposysje Lytse Ivichheid – Eindeloos Nu, wêryn’t Fryske dichtbondels en harren omslachûntwerpen út de ôfrûne hûndert jier sintraal stean.
Arjan Hut socht foar dizze útstalling 49 omslachûntwerpen út fan Frysktalige dichtbondels dy’t de ôfrûne iuw ferskynden, fan ’e roaring oant ’e rotting twenties. Yn gearwurking mei Tresoar binne alle omslaggen de kommende moannen te sjen yn de eksposysjeromte fan Tresoar.
De Dichter fan Fryslân, Arjan Hut, nûget jo fan herten út om by de iepening fan dizze literêre eksposysje oanwêzich te wêzen.
Freed 22 maaie, 15.00 oere (ynrin 14.30 oere)
Tresoar, Bûterhoeke 1, Ljouwert
Tagong: fergees
By de iepening sil skriuwer en sjoernalist Kirsten van Santen de Dichter fan Fryslân koart yntrodusearje en folget, tegearre mei foarmjouwer Monique Vogelsang, in koart fraachpetear oer de eksposysje.… Lês fierder