Aginda 14-03-2026: boekpresintaasje ‘Flarde’ fan Bart Kingma

logo.ensafh

Omdat it (nasjonale) boekewike is, is ús Afûkwinkel dizze sneon (ekstra) iepen. Wy ferwolkomje dy graach tusken 10.30-17.00 oere. Middeis fan 14.45 oere kinst oanslute by de feestlike presintaasje fan de nijste roman fan Bart Kingma: Flarde, in ferhaal oer ferlet, ferlangen en ferbylding. Gerard de Jong giet mei Bart yn petear oer syn nije boek en fierder binne der bydragen fan dichter Syds Wiersma en theremin-spiler Gerben Gerbrandy.

Sjoch foar mear ynformaasje by de AFUK.… Lês fierder

Aginda 23-04-2025 en 21-05-2025: Twalûk Moard en deaslach by Tresoar

logo.ensafh
Nei in twalûk oer humor yn de Fryske literatuer yn 2025, organisearret Tresoar dit jier yn it eigen pop-up kafee De Gouden Leeuw in twalûk oer moard en deaslach yn de Fryske letteren. Foar in elk dy’t ek wol ris mei de hannen foar de eagen op it puntsje fan de bank nei in spannende searje op Netflix sit te sjen, en dy’t it eins te grizelich fynt. Dyjingen riedt Tresoar oan om ris in Fryske thriller te lêzen. Foar wa’t alfêst in bytsje op ‘e smaak komme wol, is it twalûk fan dit jier in oanrieder.
Yn it twalûk ‘Moard en deaslach’ komme Fryske plysjeromans, misdiedferhalen en detectives fan skriuwers fan doe én no oan bod.
Lês fierder

Aginda 15-03-2026: In oade oan Ype Poortinga

logo.ensafh

Op snein 15 maart 2026 fynt yn it hert fan Rinsumageast, Herberg Het Rechthuis, in middei plak dat folslein yn it teken stiet fan it wurk fan de Fryske skriuwer Ype Poortinga (1910 -1985) út Rinsumageast.

In programma fol Fryske folksferhalen, foardrachten en muzyk. Op dizze bysûndere middei wurdt it libbenswurk fan Ype Poortinga op waarme en ynspirearjende wize ta libben brocht troch:

Masterferteller Douwe Kootstra, hjoeddeiske fertellers Aggie Meijer en Thom Boonstra en de Fryske sjonger Marcel Smit, hy soarget foar de muzikale omlisting.

Sjoch foar mear ynformaasje en opjefte by Herberg Het RechthuisLês fierder

Aginda 22-03-2026: premjêre Requiem ta treast

logo.ensafh

Premjêre Requiem ta treast

Op sneintemiddei 22 maart is de premjêre fan it Requiem ta treast yn de menistetsjerke oan de Wirdumerdyk yn Ljouwert. Dit koarwurk is it resultaat fan in gearwurking tusken de komponist Marcus Veenstra en de ferstoarne Fryske dichter Willem Abma.

Marcus Veenstra is in alsidich musikus. Hy studearre oargel, koardireksje, lichte muzyk en skoalmuzyk oan ferskate konservatoaria. Jierrenlang wie hy kantor-organist yn de Grutte Tsjerke yn Harns en hy waard yn 1995 tsjerkemusikus yn de PKN-tsjerke de Schakel yn Camminghaburen, Ljouwert. Marcus Veenstra hat ferskate komposysjes skreaun, wêrûnder koar- en ensemblemuzyk, (religieuze) lieten en musicals. As komponist waard hy beynfloede troch syn learaar Piet Post en troch syn wurk als tsjerkemusikus en muzyklearaar.Lês fierder

Aginda 21-02-2026: Cambuurtrainer Henk de Jong priuwt Liwwadder bier op Ynternasjonale Memmetaaldei

logo.ensafh

Op 21 febrewaris – de Ynternasjonale Memmetaaldei – steane taalferskaat, memmetalen en meartaligens wrâldwiid yn it sintsje. Ek yn Ljouwert wurdt dat fierd. Yn Slieker Film klinkt sawol it Noardfrysk as it Liwwadders, mei in bysûndere middei fan film, taal en bier.

Noardfrysk op it wite doek

Om 15.00 oere is de fertoaning fan de film Amrum (regy: Fatih Akin). De film spilet him ôf yn de lêste wiken fan de Twadde Wrâldoarloch op it Dútske waadeilân Amrum. Wy folgje de tolfjierrige Nanning, dy’t as “man fan it hûs” soargje moat foar syn mem en famylje yn in tiid fan krapte en ideologyske spanning.… Lês fierder

Aginda 26-03-2026: Lettertreffen

logo.ensafh

Bist skriuwer, útjouwer, of op in oare wize belutsen by literatuer yn Fryslân? Dan is Lettertreffen wat foar dy. Op tongersdei 26 maart organisearret Leeuwarden City of Literature de fjirde edysje fan dit jierlikse netwurkmomint. Dizze middei bringe wy de sektor byinoar: neist skriuwers en útjouwerijen, ek biblioteken, boekhannels, literêre tydskriften en stypjende organisaasjes. Wy diele ús plannen en minsken út it fjild komme oan it wurd. En fansels is der in soad tiid om inoar te moetsjen en te praten.

Lês fierder en meld dy oan by Ljouwert, COLLês fierder

Aginda 30-01-2026: Stellingwarver Verhaele-aovend

logo.ensafh

Op vri’jdagaovend 30 jannewaori van 20:00 tot 22:00 ure hoolt ’t Kiekhuus weer een Stellingwarver Verhaele-aovend. Dizze keer draegen de winner van de H.J Bergveldpries 2024 Harmen Houtman en dichterresse Roely Bakker veur uut hun ni’je dichtbundel ’Tegere’. Ok de bekende Stellingwarver schriever en verteller Johan Veenstra is dit jaor weer van de perti’j.

Sjoch foar mear ynformaasje by ’t KiekhuusLês fierder