Aginda 15-03-2023: Winterjûnenocht – Literêre jûn mei Sjoerd Bottema

logo.ensafh

Sjoerd Bottema lêst it ferhaal Winterjûnenocht foar út de bondel De grize oer de grouwe. De wûnderbern Klaasje en Klaske, de liepe âlde skarreler Jappy Hummel en de duvelske Keimpe Jakkeles: wêr sil dat op útdraaie? In nostalgysk horrorferhaal út de jierren ’50 en ’60 fan de foarige iuw. Tuskentroch draait Bob de Boer muzyk út dy tiid.

Sjoch foar mear ynformaasje by TresoarLês fierder

Aginda 01-03-2023: Boekpresintaasje OERSET

logo.ensafh

Perio nûget jo fan herten út om 1 maart oansteande om 19.45 oere, yn De Gouden Leeuw, it pop-upkafee fan Tresoar, de feestlike presintaasje by te wenjen fan de jongste Perio-boekútjefte, mei de titel OERSET.

OERSET is in mânske bondel troch Hans van der Heijde en Fedde Douwes Dijkstra út it Frânsk, Ingelsk of Dútsk nei it Hollânsk en it Frysk oersette, min ofte mear eksperimintele poëzij. Poëzij en poëzijoersettings dy’t de lêzer ek útnûgje om har sels ris oan sokke oersetterij te weagjen. Mei’t alle gedichten likegoed yn har oarspronklike foarm as yn Hollânske en Fryske oersetting opnommen binne, is OERSET in fiiftalige bondel.… Lês fierder

Aginda 25-02-2023: ‘Winterjûnenocht’ – literêre jûn mei Sjoerd Bottema

logo.ensafh

Sjoerd Bottema lêst op sneontejûn 25 febrewaris it ferhaal ‘Winterjûnenocht’ foar út de bondel De grize oer de grouwe. De wûnderbern Klaasje en Klaske, de âlde skarreler Jappy Hummel en de duvelske Keimpe Jakkeles: wêr sil dat op útdraaie? In nostalgysk horrorferhaal út de fyftiger en sechtiger jierren fan de foarige iuw. Tuskentroch draait Bob de Boer muzyk út dy tiid.

Sjoerd Bottema skreau romans, ferhalen en toaniel. Syn wurk is in miks fan tradysje en eksperimint, wylst ek de humor net ûntbrekt. Yn 2020 ferskynde in nije ferhalebondel: De grize oer de grouwe, ‘klassikers’ dêr’t de skriuwer syn eigen draai oan jout.… Lês fierder

Aginda 10-02-2023: Boekpresintaasje ‘Testament van de ziel’

logo.ensafh

Testament van de ziel fan Hylke Speerstra is koartby ferskynd by útjouwerij Atlas Contact. It is Speerstra syn eigen oersetting fan syn boek Testamint fan de siel (Bornmeer, 2021) oer twa widners mei Fryske woartels dy’t inoar yn Kanada by in rodeo moetsje en inoar harren libbensferhalen fertelle. De oersetting fan it boek sil presintearre wurde op freed 10 febrewaris om 16.00 oere yn Tresoar.

De presintaasje wurdt stal jûn yn de foarm fan in fraachpetear. Arjen Dijkstra, direkteur fan Tresoar, sil de skriuwer freegje nei syn motiven om it boek te skriuwen en de tûkelteammen by it oersetten. Fierders sitte Douwe Draaisma en Geert Mak ek oan tafel.… Lês fierder

Aginda 26-01-2023: Streekdichter Geart Tigchelaar presintearret bondel ‘Oer de streek’

logo.ensafh

Streekdichter Geart Tigchelaar presintearret bondel Oer de streek

Streekdichter fan Noardeast-Fryslân, Geart Tigchelaar, presintearret op 26 jannewaris 2023 yn it stedshûs fan Dokkum syn nijste bondel Oer de streek (útjûn troch Hispel). Dat docht er foarôfgeand oan de oerdracht fan it stokje oan de nije Streekdichter.

Tigchelaar hat twa jier lang Streekdichter west en hat dêrby net allinnich in soad poëzy oer de streek skreaun, mar ek in grut tal projekten op priemmen setten. De gedichten dy’t er yn opdracht skreaun hat, wurde begelaat troch in koarte ûntsteansskiednis. Fierders stiet de bondel fol mei frij wurk, guon projekten en foto’s dy’t er makke hat op syn fytstochten troch de streek.… Lês fierder

Aginda 26-01-2023: Gedichte-aven in St.-Anne

logo.ensafh

Altyd op ’e lêste donderdeg fan jannewary fynt in de bibliotheek fan St.-Anne de gedichte-aven plak. Hieran doen alle jaren ’n prot mînsen met. Dut jaar is de gedichte-avend op donderdeg 26 jannewary en begint om 19.30 uur.

Wille jim ’n gedicht foordrage, dan kinne jim jim opgeve fia info@bildtsaigene.nl. Geef dan ok even deur hoe’t ’t gedicht hyt en wie’t ’t skreven het. Opgeve kin ok deur te bellen (06-45657383) of even in de bibletheek del te kommen.

Sjoch foar mear ynformaasje by Stichting Bildts AigeneLês fierder