Aginda 15-12-2022: Oade oan de ko

logo.ensafh

Twa Fryske molkfeehâlders, de firma’s Schaap en De Boer yn Turns, dogge mei oan in pilotprojekt foar ‘Oade oan de ko’. Yn dizze pilot hawwe dichters en learlingen fan basisskoallen mei de ko en alle ferhalen deromhinne oan ‘e slach west.
Dichters op de pleats

De boeren binne keppele oan in dichter. Elmar Kuiper oan de boeren fan firma Schaap (Nelleke, Sjoerd en Jelmer) en Ytsje Hoekstra oan it molkfeebedriuw De Boer (Gerben, Wiebe en Auke-Ids). De dichters hawwe ûndersocht wat de hjoeddeiske relaasje tusken boer en ko is. Hoe stiet it derfoar mei de ko yn in tiid dat saken as stikstof, fosfaat, metaan, grûnwetterstannen, fersuorring en miljeu-easken foar ûnrêst en betizing soargje yn de sektor?… Lês fierder

Aginda 16-12-22: Literêr Sirkwy yn Drachten

logo.ensafh

RIXT hat dit jier foar har ferbliuw op it Skriuwersarkje by de Feanhoop dichters omtinken frege foar in keunstprojekt út ‘e njoggentiger jierren fan de foarige ieuw wêr’t in stikmannich Fryske dichters as Baukje Wytsma, J.Q. Smink, Jan. J. Bijlsma, Margryt Poortstra ensafh. yn gearwurking mei byldzjende keunstners as Willem van Althuis, Sjoerd de Vries, Gerrit Terpstra en oaren op inisjatyf fan de Stichting Beeldende Kunst Friesland in bibliofile útjefte útbrocht hawwe mei 32 katernen mei byld en tekst.

Sjoch foar mear ynformaasje by RIXTLês fierder

Aginda 29-10-2022: Boekpresintaasje ‘Hear fan ’e miggen’ by Paviljoen MeM

logo.ensafh

Boekpresintaasje Hear fan ’e miggen op 29 oktober by Paviljoen MeM

Op in ûnbewenne eilân yn de Stille Oseaan stoart in fleantúch del. Oars net as in groep skoaljonges oerlibje it. Sûnder folwoeksenen moatte hja it sjen te roaien en it docht dan al gau bliken dat it fernislaachje fan ’e beskaving tin is.
William Golding debutearre yn 1954 mei it wrâldferneamde boek Hear fan ’e miggen. Oft it boek no in realistysk young adult-boek is of net, it bliuwt hoe dan ek in spannend en nijsgjirrich ferhaal. It boek ferskynt no, oerset troch Geart Tigchelaar, foar it earst yn it Frysk troch oersetter Geart Tigchelaar.… Lês fierder

Aginda 16-10-2022: Achterdyk (Achterdijk) – DOT WIER’UM mei Syds Wiersma

logo.ensafh

In 2020 ging dichter Syds Wiersma in gesprek met Tsjerk Visser, de oudste nog actieve garnalenvisser uit Wierum. Visser is inmiddels 94 jaar oud en vist nog elke week met zijn zoon Monte op het Wad. Zo ontstond de gedichtencyclus Achterdyk op basis van de verhalen van Tsjerk Visser én zijn bijzondere vissersidioom. De uitstervende woorden uit een grotendeels verdwenen wereld van de Friese garnalenvisserij krijgen in Syds’ poëzie tijdelijk even een nieuw bestaan.
In de voorstelling Achterdyk draagt Syds zijn gedichten voor. Sjoukje Visser en Ruben Bus vormen met hem de band DOT WIER’UM en begeleiden de gedichten muzikaal. Prachtig detail: De muziek en verschillende soundscapes zijn gecomponeerd door Tsjerk Vissers jongste dochter Sjoukje Visser.… Lês fierder

Aginda 31-10-2022 o/m 06-11-2022: In libbensreis yn ferhalen en muzyk

logo.ensafh

Skriuwer fan it Kadoboek ‘De oarloch fan Jan Snip’ Ferdinand de Jong en muzikant Gurbe Douwstra sille yn de Fryske Boekewike tegearre op ’n paad. Yn in pear oeren swalkje se de wrâld oer. Fan Nova Scotia, fia de Cliffs of Moher nei it uterste noarden fan Sibearië en keare úteinlik werom nei Fryslân. In libbensreis yn ferhalen en muzyk.

Moandei 31 oktober, 19.30 – 22.00 oere, Bibleteek it Hearrenfean*
Tongersdei 3 novimber, 19.30 – 22.00 oere, Kultureel sintrum De Tiid, Boalsert*
Snein 6 novimber, 15.30 – 18.00 oere, Podium Gorter, Balk.

Sjoch foar mear ynformaasje by Boeken fan FryslanLês fierder