Freed 8 july is yn de pastorijtún yn Blauhús in ferhaal fan it ferhaleprojekt Utsteld gelok fan Ljouwert UNESCO City of Literature te beharkjen. Ferteller Ate de Jong lêst dêr it ferhaal ‘Fantasie van een druppel’ fan Shamal A Hussein foar, yn it Nederlânsk.
Alle hûndert dagen fan kultureel programma Arcadia soarget Ljouwert UNESCO City of Literature mei Utsteld gelok foar in nij, live foarlêzen ferhaal op hieltyd in oar, paradyslik plak yn Fryslân. De reade tried: de syktocht nei skjintme yn en nei de pandemy.
Wat jout ús moed, hokker siedsjes plantsje wy foar de takomst? Hûndert auteurs út binnen- en bûtenlân skreauwen der in nij, koart ferhaal oer.… Lês fierder